18yn2018 fan 14 febrewaris 2019 17:45

Yn dizze ôflevering fan 18yn2018 folgje wy Ilse Klijnstra fan Snits. Sy docht in oplieding teamleider logistyk. Sy wurket in pear dagen yn 'e wike by it distribúsjesintrum fan Poiesz yn Snits.

De kar foar dizze oplieding is in boppeslach foar Ilse, sy is hielendal op har plak. Fierder hat sy in auto kocht en hat sy in relaasje. Dit jier wol sy it leafst it hûs út en op har sels wenje.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)