18yn2018 fan 13 juny 2019 17:35

Yn dizze ôflevering fan 18yn 2018 it ferhaal fan Johan van Dijk fan Oldelamer. Johan is ien fan fjouwer bern yn de boerefamylje van Dijk. Doe 't hy in lyts jonkje wie woe hy al boer wurde en dat is noch hieltyd sa. Yntusken sit hy op it Nordwin College yn Ljouwert en docht it MBO.

Yntusken is it bedriuw fan de famylje van Dijk yn de oergongsfaze fan regulier nei biologysk buorkjen.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)