18yn2018 fan 11 july 2019 17:35

Yn 18yn2018 it ferhaal fan Isabelle Bootsma. Isabelle folget de oplieding fan ûnderwiisassistint oan it Friesland College yn Ljouwert. Dit jier is har lêste jier fan de oplieding. Wat sy hjir nei dwaan wol wit sy noch net, se tinkt oan in tuskenjier. Sy fynt de Isabelle fan fjirtjin behoarlik gemien, benammen hoe't sy oer har suster praat fynt sy no net mear kinnen. En Isabelle soe it aardich fine om jong mem te wurden.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)