18yn2018 fan 10 jannewaris 2019 17:45

Yn dizze ôflevering fan 18yn2018 it ferhaal fan Leonie Rolf fan Stiens. Leonie ferlear yn 2013 har bruorke Ronald nei in koart siikbêd. Krekt dit yngripende barren wie foar har de reden om mei te dwaan oan 18yn2018. Sy wol graach sjen litte hoe't sy mei dit grutte ferlies omgiet.

Yn 2014 siet Leonie op it VWO en woe letter graach wat yn de soarch dwaan. Yn har frije tiid spile sy by Takostu. Wy treffe Leonie 4 jier letter wer en der is in hiele soad feroare.
Yntusken folget sy it HBOV om ferpleechkundige te wurden, sy hat ferkearing en har rydbewiis helle. Oer Ronald seit sy: 'Ik weet niet of rouwen ooit ophoudt'...

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)