Yn de krysttiid giet it foaral om it by inoar wêzen mei famylje, al sil dat dit jier fanwege corona minder wêze. Om hjir by stil te stean hawwe de keunstners fan LUNA Collective in ljochtprojeksje makke by it útstoarne fakânsjepark Esonstad by Eanjum. It binne âlde famyljefideo's fan fakânsjes. Op âlve plakken yn Fryslân binne de kommende tiid ljochtkeunstwurken te sjen, dit is de earste.