"100 jier radio" - út it bertedoarp fan Hanso Idzerda wei

Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte. Fierder optredens fan Sytze Haima en Inez Timmer.

Te gast binne trije pakesizzers fan Hanso Idzerda: Tobias Idzerda, Henk de Brey en Hanso Idzerda.

Fierder praat Huub Wijfjes, bysûnder heechleraar radio en telefyzje skiednis mei.

Audiotechnikus Karel Post fertelt mear oer de technyske kanten fan radio en oer it meitsjen fan in harkspul.

Kin de radio nochris 100 jier mei? Dêr prate Jan-Durk de Haan (radiokoördinator Omrop Fryslân), Marcel Joustra (radiofanaat dy't noch op de middengolf útstjoert), Huub Wijfjes en Karel Post oer.

En ferslachjouwer René Koster is yn Weidum by it bertehûs fan Idzerda, tegearre mei Ant Haima dy't ek yn dat hûs wenne hat en no dwaande is mei in boek oer de radiopionier. Mei Weidumer Klaes Tilma sjocht René by it monumint dat yn it doarp stiet as oantinken oan Idzerda en hy giet nei Tettie Venema om oer eartiids te praten.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)