Utpakke mei Omrop Fryslân

De tsjustere dagen freegje benammen yn dizze tiid om wat ekstra ljocht, wille en geselligens. Omrop Fryslân bringt dy ferbining en wille by jim thús want der wurdt útpakt. Mei in krystkonsert, Sis it mar, de Fryske top 100 en de lekkerste resepten fan Reitse Spanninga. Mar dat is net alles, want ek jim meie útpakke. Lês gau fierder!

Weromsjen mei Reitse

Ek sjefkok Reitse Spanninga pakt út dizze perioade, mei hearlike gerjochten mar foaral ek mei moaie ferhalen yn Weromsjen mei Reitse. Femke Kok, Stefan van der Pal, Baukje de Vries, Margreet de Graaf, Sieta van Keimpema, Tatiana Pratley, Tim Douwsma en Henk de Jong stean fan moandei 21 desimber ôf by Reitse Spanninga yn 'e keuken. Net allinne om in hearlik krystgerjocht te meitsjen mar ek om it praten oer 2020. Alle gerjochten binne ynkoarten hjir werom te finen.

Krystnachttsjinst, ekstra tsjerketsjinst én in krystkonsert

Omrop Fryslân stjoert krystnacht live op telefyzje en ynternet in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Fanút de Martinitsjerke yn Frjentsjer is dûmny Margerithe Veen de foargonger. De tsjinst begjint om 23.00 oere.

Earste Krystdei binne wy wer yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Moarns om 10.00 oere mei in ekstra tsjerketsjinst en middeis om 16.30 oere mei it krystkonsert Thús mei Kryst. Oargelist Jochem Schuurman en sopraan Tetsje van der Kooi sille populêre krystnûmers hearre litte. Njonken Schuurman en Van der Kooi, komme mear musisy del dy't bekend binne yn it 'klassike sjenre'. Presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman. Thús mei Kryst is fan 16.30 oere ôf te folgjen op telefyzje.

Sis it mar

Fan snein 27 o/m woansdei 30 desimber is it wer tiid foar Sis it mar. Watfoar muzyk wolst hearre? Sis it mar en wy draaie it! Ferline jier wie dit in daverjend sukses en dêrom pakke we dit jier noch grutter út troch ek yn de nacht troch te setten. Sis it mar is sawol fia de radio as op telefyzje te folgjen. Dyn fersyknûmer kinst WhatsAppe nei 06-20499199 of trochjaan fia de Omrop-app.

Spesjale Buro de Vries

Op Twadde Krystdei is der tusken 09.00 en 12.00 oere in ekstra útstjoering fan Buro de Vries. Yn it earste oere is der omtinken foar de podcast Boekekast. It lêste ferhaal 'It suske fan....' fan Thys Wadman komt 26 desimber online én is te hearren yn Buro de Vries.

Ek it twadde oere giet oer skriuwen. Sjoernalist en skriuwer Hylke Speerstra hat krekt syn 'Magnum Opus' ôfmakke, hy bepraat it mei presintator Geartsje de Vries. De lêste oere is ynromme foar trije jongelju fan it stêdelik gymnasium dy't fan har dosint yn septimber de opdracht krigen ha om har befiningen, gefoelens en gedachten yn dizze tiid histoaryske tiid fêst te lizzen. It resultaat binne hertferskuorrende ferslaggen oer iensumens, eangst, teloarstelling en ûntwikkeling.

Fryske top 100 mei Online Pubkwis

It hichtepunt fan desimber, de Fryske top 100! Twadde krystdei is tradisjoneel de finale stimdei, fan 13.00 oant 18.00 oere op radio en telefyzje. Foar de échte fans komt der dit jier ek in Online Pubkwis. Jou dy hjir op en doch mei op woansdei 30 desimber om 20:30 oere. Gewoan, thús op de bank mei kâns op moaie prizen.
En wa wurdt de nûmer 1? Dat hearre wy op 31 desimber yn de finale-útstjoering fan 06.00 oant 18.00 oere. 

Cambuur Sjoernaal

SC Cambuur begjint op snein 3 jannewaris alwer oan het twadde diel fan de kompetysje. Mar, we sjogge yn it healjieroersjoch fan it Cambuur Sjoernaal noch ien kear werom op de earste seizoenshelte. Topskoarer Robert Mühren makket in top trije fan syn moaiste doelpunten en trainer Henk de Jong lit syn ljocht skine oer in oantal bepalende mominten yn it earste diel fan de kompetysje. It healjiersoersjoch fan SC Cambuur is op 2 jannewaris te sjen.

Kryst mei Douwe

Presintator Douwe Heeringa hat foar dizze bysûndere krystperioade wer in ferskaat oan unike krystmuzyk útsocht. Want op dizze stream hearst net allinne de bekende klanken fan Wham en Mariah Carey.

(Advertinsje)