De tredde helte: dyn favorite muzyk yn de sportkantine

Fansels: it is foar de kondysje, om fit te bliuwen. En it is om'tst fuotbal, kuorbal, follybal, judo of keatsen it moaiste fynst wat der te dwaan is. Mar sis no sels: efkes noflik neisitte is dochs op syn minst sa belangryk? Omrop Fryslân makket dy neisit no noch fleuriger! Set de radio yn de kantine op 92.2 FM en wy draaie de favorite muzyk fan dy en dyn team. Hjirûnder kinst fiif platen kwyt en wy kieze der in pear, meastentiids trije, dy't yn de útstjoering passe. 'De tredde helte' is te hearren yn de radioprogramma's 'Sneon yn Fryslân' mei Diana de Groot en 'Snein yn Fryslân' mei Johan Terpstra tusken 17.00 en 18.00 oere.

Tip: kies in ferskaat oan artysten, in leuke miks fan hits fan doe en no. Jimme krije berjocht wannear't de platen draaid wurde sille.

Omskriuw de reden fan de oanfraach (net ferplichte)
(advertinsje)