Trio fan Michiel

Trio fan Michiel

Nedichheden:

Spieskes
Souwe
Oven
Rasp
Kom
Fizel
Panne

Spieskes
Yngrediïnten:
Droege woarst fan Friberne krûdebaarch út Gaasterlân
Stikje Riperkrite
Ovendroege snobberstomaatsjes

Snij de droege woarst yn de lingte yn tinne plakjes. Snij of skaaf in stikje tsiis. Riuw de woarst en tsiis oan de spieskes. Einigje de spieskes mei in tomaatsje.

Fisksop mei dúmke en dillepesto
Yngrediïnten:
3 liter Fiskbûljon
2 kg fiskgraten (fergees by de fiskboer)
½ finkelknol
2 ½ dl wite wyn
Sap fan 1 sitroen
teannen fan ½ bol knyflok
farske krûden út eigen tún (peterseelje, laurier, time, selderij)
50 gram bûter
50 gram blom
50 gram creme fraiche

Doch de bûter en in panne mei dikke boaiem en lit dit smelte. Doch de blom derby en lit it efkes bakke. Net brún wurde litte. ½ liter ôfkuolle fiskbûljon taheakje. Oan ‘e kôk bringe om de blom en bûter bine te litten. Heakje de creme fraiche ta. Bring op smaak mei piper en sâlt.

Hertlike dúmkes mei finkelsiedsjes (sa’n 20 dúmkes)
Yngrediïnten:
125 gram blom
1 teeleppel bakpoeier
1 teeleppel sêfte bûter
1 teeleppel sûker
1 teeleppel finkelsiedsjes
Snufke sâlt
65 ml sûpe

Souw de blom en de bakpoeier boppe in kom. Meitsje in kûltsje yn it midden en doch dêr de oare yngrediïnten yn. Ming ta in stevich daai. Meitsje der trije ‘woarsten’ fan en druk dizze plat mei de tomme. Snij de woarst yn stikjes. Bak de dúmkes 20 minuten yn de oven op 200 graden Celsius.

Dillepesto
Yngrediïnten:
¼ boskje dille
hantsje pynbeampitten
bytsje olyfoalje
raspe parmezaan
skoatsje sitroensap
piper en sâlt nei smaak
lyts teantsje knyflok

Meitsje de pynbeampitten, knyflok en dille fyn yn in fizel. Olyfoale taheakje oant dat it in moaie konsistinsje hat. Nei smaak raspe parmezaak taheakje. Skoatsje sitroensap derby en mooglik noch wat olyfoalje. Op smaak bringe mei piper en sâlt. Doch de sop yn kopkes, ôfmeitsje mei in lyts takje dille. Servearje mei dúmke en dêrop wat dillepesto

Bhajis fan ’t Bilt
Yngrediïnten:
1 grutte woartel
1 sipel
Stik gember
1 reade piper
¼ boskje koriander
1 teeleppel mostersied
½ teeleppel kurkuma
½ teeleppel kominesied
1 teeleppel seesâlt
70 gram grauwe eartemoal (kikkererwtenmeel)
liter sinneblomoalje
sap fan 1 sitroen
1 limoen

Rasp de woartel, en doch dit mei de gimber en sipel yn in grutte kom. Hak de piper fyn en doch dy ek yn de kom. Korianderblêdsjes yn grutte stikken yn de kom. Meitsje de mostersied, kurkuma en kominesied fyn yn de fizel en doch dat yn de kom. Heakje de grauwe eartemoal (kikkererwtenmeel) en 60 ml kâld wetter ta en knetsje ta in moai dik mingsel. Doch oalje yn de pan en bring de temperatuer op 170 graden. Nim in ytleppel fan it mingsel út de kom en druk goed yn mekoar (focht derút rinne litte). Lit it mingsel foarsichtich yn de hite pan sakje en lit it yn sa’n 5 minuten goudbrún bakke. Op in keukenrôle útlekke litte. Bytsje sitroensap en wat sâlt der oer hinne. Servearje mei in partsje limoen.

(advertinsje)