Plank fan Brenda

Plank fan Brenda

Nedichheden:
Mikser
Frituerpanne
koekpanne
Magnetron

Pompoenbaltsjes
Yngrediïnten:
200 gram roastere pompoen
40 gram âlde tsiis
20 gram walnút
heale teeleppel kurkuma
heale teeleppel kardemom
heale teeleppel kerrypoeier
10 gram ferske gimber
Bytsje biezelok
sinaasappelschil
1 aaigiel
2 beschuiten
100 gram seamelen
sâlt
piper

Purear de pompoen, doch de kruiden, tsiis, biezelok en walnút derby en ming dit goed. Meitsje fan dit mingsel baltsjes en rôlje dit troch it aaigiel en dan troch de seamelen. Frituer de baltsjes oant se goudbrún binne.

Frituerd fiskpakketsje
Yngrediïnten per stik:
20 gram salmfilet
1 grutte garnaal
1 bledsje sla
rysfel
piper
sâlt

Weakje it rysfeltsje oant it sêft is en lis hjiryn in stikje sla, wat salm en de garnaal mei sâlt en piper. Meitsje hjir in pakketsje fan en frituer it koart gear.

Stoofpar mei geitetsiis
Yngrediïnten:
Stoofpar siedt yn gluhwein
Geitetsiis
twa plakjes ontbijtspek
flierbeien
huning

Lis in stikje geitetsiis op it parke en wikelje it goed yn spek. Bak it koart yn in koekpanne en meitsje yntusken de fliebeienhuning troch de flierbeien 20 sekonden yn de magnetron te dwaan en troch huning te mingen

(advertinsje)