Plankje fan Gesina

Plankje fan Gesina

Nedichheden:

Passeardoek
Koekepan
Rasp
Muffinbakblik
Koekepan
Keukenmasjine
Glêzen potsje

Snoekbaarsloempia
Yngrediinten:
1000 gram Snoekbears
2 sitroenen
1 knyfloktean
50 ml drûge wite wyn
4 selotsjes
3 el olive-oalje
Piper/sâlt
½ prei
½ winterwoartel
2 sipels
30 gram bûter
150 gram risotto rys
4 bledsjes spinaazje
1 pakje Loempiafellen fan de toko
1 aai
Oalje om yn te fritueren

Ferwaarmje de oven yn’t foar op 170*. Meitsje oan de sydkanten fan de fisk ynkepingen en doch dêr skyfkes sitroen yn. Op de fisk komt sâlt en piper en 2 fynsnije selotsjes. Parse in knyfloktjin en in sitroen út en ming dat mei de wite wyn en doch dit oer de fisk. Set de fisk yn in skaal 30 minuten yn de oven. Jit sa no en dan wat fan it mingsel út de skaal oer de fisk hinne.

As de fisk gear is, helje him út de oven en snij it fleis derôf. Hâldt dit apart. Doch de kop en sturt yn in panne tegearre mei de griente en wetter. Lit dit 30 minuten stean. Net sieden!

Helje de bûljon troch in passeardoek en goai de griente en fissekop en –sturt fuort. Bak yn in koekepan bûter en selotsjes en doch dêr de risotto rys by en set it fjoer leech. Doch de in diel fan de fiskbúljon derby en lit de rys it focht opnimme. Werhelje dizze stap oant de rys gear is en de bûljon op is.

Nim in loempiafeltsje en snij yn fjouwer fjouwerkantsjes. Nim in spinaazjebledsje en lis hjir in stik fisk op mei risotto en plak de loempia ticht mei aaigiel. Bak de loempia yn hyte oalje fan 180*, sa’n 4 minuten oant it gear is en lit útlekke op in papiertsje. Lekker ite!

Aardappelbakje  
Yngrediïnten:
3 ierappels 
1000 gram sukadefleis
1000 gram sipels 
1 aai 
Piper /sâlt 
Laurierblêd 
Jeneverbei 
Krûdnagel 
Foelje 
125 gram bûter 
Biezelok 
1 dl bearenburch 

Krûd de sukadelapkes mei piper en sâlt. En braad ze oan yn de panne. Helje it fleis út de panne en bak de sipels yn it bakbûter. Doch de bearenburch yn de panne en lis it fleis mei de krûden derby. Stoof it fleis sa’n twa oeren op in leech fjoerke en set de oven oan op 225 graden. Rasp de ierappels en foegje hjir piper, sâlt, biezelok en in aai oan ta. Doch dit papje as in soart bakje yn it muffinbakblik. Bak dizze bakjes yn 25 minuten gear yn de oven op 225 graden. Folje de bakjes dêrnei mei fleis en sipel út de panne. Klear!

Folde tomaat fan Gesina
Yngrediinten:
1 bloemkoal 
Lytse moaie tomaten
Swarte linzen 
50 gram bûter 
50 gram Blue Wolvegea tsiis 
sâlt 

Let de linzen 12 oeren wellen yn wetter. Sied de linzen yn 20 minuten gear, yn wetter mei wat sâlt. Hakje lytse roasjes fan de bloemkoal en bak dizze koart yn bûter.  Doch it gehiel yn in keukenmasjine de bûter en foegje de geraspte Blue de Wolvegea ta. Draai hjir in moaie krême fan. Waskje de tomaatsjes en hol dizze út. Doch in lyts bytsje krême op de boaiem fan it tomaatsje, en folje ôf mei wat linzen en bloemkool. Rasp der wat tsiis oer hinne, en klear!  

Mosterd  
Yngedriïnten:
100 gram mosterdsied
200 ml appelasyn
Piper
Seesâlt

Doch de mosterdsiedsjes yn in kom. Foegje it appelasyn ta en let de siedsjes in dei wellen. Doch it gehiel yn de keukenmasjine, en foegje piper en sâlt ta. Let de keukenmasjine draaie, yn elk gefal 10 minuten. Priuw fan de moster, en foegje eventueel sâlt en piper ta. Doch de mosterd yn in skjin potsje en bewarje dizze yn de kuolkast. Lekker!

Cranberrydip   
150 gram cranberries (djipfries yn dit gefal) 
30 ml appelasyn 
3 el huning 
1 kanielstokje 
Stikje skil fan in sitroen 
3 pili pili pipers   
2 stiks laurierblêd   

Set de cranberry-beien tegearre mei al de oare yngrediïnten op in leech fjoer. Lit it gehiel pruttelje en roer sa no en dan goed troch. Panne mei dikke boaiem is nedich. As nedich noch wat appelasyn of wetter tafoegje.  Pruttelje litte oant it in tjokte birke hat, lykas in compôte. Lit it hiel ôfkuolje en doch it oer yn in  potsje. Bewarje it yn de kuolkast!

(advertinsje)