Buord fan Dirk

Buord fan Dirk

Nedichheden:

Bakfoarmpjes
Oven
Panne
Foarmpje (rûn)
Fleishammer

Bilts Preitaartsje
Yngrediïnten:
Bladerdeeg
Ham
Prei
Sipel
Rjemme
Aai
Raspe âlde tsiis

Beklaai de bakfoarmpjes mei bladerdeeg. Lit de ham, prei en sipel rêstich stove yn in panne. Ming dit mei de rjemme en aai en doch alles yn de foarmpjes. Strui de raspe âlde tsiis der oer hinne. Bak ôf yn de over, 20 oant 25 minuten op 180 graden.

Hynsteljirre-aai
Yngrediïnten:
Aai
Hynsteljirre

Lit it aai 4 minuten siede en snij it dan troch de helte. Wikkelje de helten yn in stikje hynsteljirre.

Mei ham en tsiis folde pyk
Yngrediïnten:
Pyk
Ham
Raspe tsiis

Sla de pyk plat. Lis de ham en raspe tsiis derop en rolje de pyk dan op. Lis yn de oven. Bak de pyk 25 minuten op 200 graden en snij dan yn stikjes.

Tsiis-tompoes mei woartelkrêm
Nedichheden:
Bakpapier
Oven
Panne
Spuitpûde

Yngrediïnten:
Raspe tsiis
Raspe woartel
Rjemme

Meitsje op bakpapier rjochthoeken fan raspe tsiis en lis dizze 5 oant 8 minuten ûnder de grill, oant se lichtbrún binne. Raspe woartel en rjemme siede en ta mousse kloppe. Spuitsje it mingels tusken twa tsiiswafeltsjes.

Smookte ielmousse op roggebrea
Yngrediïnten:
iel
rjemme
roggebrea

Fermealle de iel yn de cutter. Waarmje de iel op mei de rjemme en klop it op ta in mousse. Stek in rûntsje út it roggebrea. Spuitsje de mousse op it roggebrea.

Borrelglês mei âlde of jonge jenever 

(advertinsje)