Bittergarnituur fan Leo

Folde bjirke boleet (poddestoel) mei smookte spek en in flearesaus

Nedichheden:
Stoofpanne
Oven
Teedoek
Stêfmikser
Panne
Kom
Rasp

Yngrediïnten:
10 bjirke boleten (of in oare poddestoel lykas iikhoarntsjesbrea)
1 Selot
1 knyfloktean
boskje peeterseelje
Fleske bier (Us Heit)
200 gram flearen
Laurierblêdsje
Krûtons
Sûker nei smaak
heal blokje smookt Frysk spek

De poddestoel goed skjin boarstelje en de rannen fan de stâl fuortsnije. De stâl stove yn bier mei selot, knyflok en peterseelje. It huodsje fan de poddestoel folje mei dit mingsel en de spekreepkes. Bak de folde poddestuollen 10 minuten yn de oven op 200 graden. Foar de flearesaus soust de pitsjes út de bessen en siedest de bessen mei in laurierblêdsje en sûker ta in saus. It gerjochtsje ôfmeitsje mei wat farsk snijde peterseelje en krûtons.

Gnudi mei in pompoen puree. 
Yngrediïnten:
250 gram ricotta 
50 gram Pittige 50+ tsiis (parmezaan kin ek)
100 gram blom (leaver fyn grysmoal)
Notemuskaat
1 Pompoen
skoatsje molke

Ricotta kinst ek sels meitsje troch folle molke fan goede kwaliteit op te waarmjen ta 80 graden. Troch sitroensap ta te heakjen skiedt it waai him fan de brokken. Jit de massa yn in teedoek. Wat yn de teedoek oerbliuwt, is de ricotta. Ming de ricotta, pittige tsiis en blom mei sâlt, piper en notemuskaat. Draai hjir baltsjes fan en sied se oant se driuwe. De pompoen yn lytse blokjes siede, mooglik mei wat time. Heakje de molke ta en meitsje der mei in stêfmikser in glêde puree fan. 

Noardsee garnalekoekje mei silysaus
Yngrediïnten:
250 gram Noardsee garnalen
Raspe skil en sap fan in limoen
100 gram blom
5 sentimeter sitroengers
2/3 sentimeter laos of gimberwoartel
Fisksaus
Soja saus
Heale prei
3 knyflokteannen
Selot
blikje tomatepuree
Sûker
1 Sjilypiper
boskje koriander
1 aai

Snij de prei, 1 knyflokteantsje en de selot fyn en bak dizze mei de Noardsee garnaaltsjes koart yn in hite panne. Doch dit yn in kom en heakje de fynsnijde laos (of gember), super fyn snijde sitroengers, in hantsjefol snijde koriander, in leppel fisksaus, in leppel sojasaus, in stik snijde sjily (nei winsk), de raspe skil en sap fan de limoen, de blom en in aai ta. Ming dit goed troch elkoar en meitsje der koekjes fan. Bak dizze yn it sinneblomoalje sa’n 5 minuten brún oan beide kanten.

Bak foar de sjilysaus de fynsnijde sjilypiper en knyflok oan en heakje hjir twa ytleppels tomatepuree en in pear ytleppels sûker en in glês wetter en mooglik in skoatsje rysjittik oan ta. Lit dit efkes wat ynsiede oant datst in moaie dikke saus hast. De saus makkest fyn troch in mei in stêfmikser te pompen. As garnearring fan dit gerjochtsje kinst ek wat blêdsjes koriander brûke. 

(advertinsje)