Amuses fan Evert

Bittergarnituer

Nedichheden:
Kidde mei twa patroanen
Keukenmasine
Potten
Garde
Spatel
Satéprikkers

Slaatsje fan byt
Yngrediinten:
2 reade byten
50 gram blom
250 gram seesâlt
2 aaien
wetter
Granny Smith appel
Sushijittik
reade wynjittik
Limoen
Selotsje

Meitsje in stevich daai fan de blom, 250 gram seesâlt, 2 aaien en in bysje wetter. Dit daai mei wol drûch oanfiele. Pak de byt yn mei dit daai en gear dit yn 1,5 oere op 180 graden. Lit dêrnei ôfkuolje en healje de koarst der ôf. Skil de byl en snij in partsjes.

Skil dan de Granny Smith lyke grut as de bytpartsjes en ming dit mei de byt, sushijittik, reade wynjittik en limoensap.

 
Gaspacho fan byt 
Doch de oare byt mei in selotsje glêd draaie yn in keukenmasine. Bring op smaak mei sushijittik, sâlt en piper.  Foar gebrûk kâld fuortsette. 

Espuma fan byt 
Yngrediïnten:
5 gram sjelatine
350 gram bytensap
500 gram slachrjemme
sushijittik
reade wynjittik

Weakje de sjelatine yn kâld wetter. Ming it bytensap mei beide jittiks en slachrjemme en doch hjir de sjelatine by.  Folje de kidde hjirmei en brûk twa patroanen foar it spuitsjen.


Pofte rys 
Wylde rys poffen yn hite oalje. Helje de rys út de oalje mei in skomspaan en lis it op keukenpapier om út te lekken en strooi hjir wat sâlt oerhinne.

Fermintearde woartel
Yngrediinten:
40 gram sâlt
1 liter wetter
Woartels
 
Sâltoplossing meitsjen mei 4% seesâlt, dat betsjut 4 gram sâlt per 100 mililiter wetter. Woartels hjiryn dwaan mei wat teannen knyflok. As de smaak goed is, yn kuolkast sette om it fermintear proses te stopjen. 


Vichyssoise 
Yngrediinten:
Bakje swarte oliven
Krieltsje
Wyte koal
Sâltoplossings (sjoch resept)
Roazemaryn
Tym
2 tinne preien
pot pykebûljon
3 selotjes

Swarte ierde
Draai swarte oliven troch de slowjuicer. Spried it pulp út op bakpapier op de bakplaat en drûch it op 70 graden yn de oven. 

Krieltsje 
Lit wat krieltsjes 24 oeren fermintearje yn in sâltoplossing fan 5% mei wat soerkoalsap. Oalje ferwaarmje mei dêryn roazemaryn en tym en hjiryn it krieltsje gearen litte. 

Soerkoal
De koal fyn snije en drûch mei 1.5% sâltoplossing. As it focht los komt, de koal yn de pot dwaan en in heal oere stean litte. Dêrnei goed oandrukke, sadat de koal ûnder syn eigen focht stiet. Lis der wat swiers op sadat de koal ûnder it focht bliuwt. Nei in wike of 2 de pot sluten asto de koal soer genôch fynt. Kâld fuortsette en twa wike stean litte.

Vichyssoise sels 
Skil 4 oant 6 ierpels skilen, 2 tinne preien (allinne it wyt) en 2 selotsjes. Bak dit koart mei wat oalje en doch it pykebûljon derby sadat it wiet bliuwt. Sied 2 takjes tym en in laurierblêd mei. HEalje dit derút as alles gear is. Glêd meitsje mei in blender en bring it op smaak mei piper en sâlt. It moat sa tsjok wêze as yochurt. Nei smaak noch wat limoen tafoege.

Krokantsjes: 
Skil fan de ierappel in oantal oeren fermintearjen yn itselde focht as de krieltsjes. Drûch deppe en frituere oant se knapperich binne.  

Kibbeling mei fine griente en vinaigrette
Yngrediïnten:
1 woartel
1 stik bleekselderij
1 finkel
wat blomkoalroasjes
boskje biezelok
oliifoalje
sâlt
piper
30 gram aaiwyt
ynktfiskynkt
Blokje wytfisk
100 gram blom
125 gram bier
15 gram oalje
20 gram aaigiel.  
1 itensleppel hoisinsaus 
1 itensleppel barbequesaus 
2 gram five spices 
4 itensleppels sushijittik 
Sap fan 1 limoen 
Raspte skil fan ½ limoen 
1 itensleppel sojasaus 
30 sintiliter olive-oalje 
10 sintiliter drûvenpitoalje.

Griente 
Woartel, bleekselderij en finkel “brunoise” snije. Koart blansjearen yn sâlt wetter en ôfsiele mei kâld wetter om it fierder jern te stoppen. Bring dit op smaak mei in dressing fan dyn keuze. Roasjes fan de blomkoal skillen mei de tinskiller en tinne ringen snije fan de biezelok. Oanmeitsje mei in bytsje oliifoalje en sâlt. 

Kibbeling 
Meitsje in bierdaai fan 100 gram blom, 125 gram bier, 15 gram oalje en 20 gram aaigiel.  Kist dit op kleur bringe mei ynktfiskynkt foar it nijsgjirriche effekt.

Dan 30 gram aaiwyt stiif slaan mei en in teeleppel sâlt tafoegje. Aaiwyt troch it beslach hinne spatelje (net mei de garde!). Blokje wytfisk pikelen yn 5% sâltoplossing. Heal oere is genôch. Drûch deppen en op winske maat snije. Op satéprikker prikke en troch beslach helje en fritueren op 190 graden. 

Vinaigrette 
Ming de hoisinssaus, barbequesaus, five spices, sushijittik, sap en skil fan de limoen, sojasau en oliifoalje mei de drûvenpitoalje. Klear!

(advertinsje)