Tiramisu

Koolhydraatarme Tiramisu fan Jorrit

Berêdingstiid: 45 min (+ oven 20 min).

Nedichheden:
Mikser
Klopper
Spatel
Lytse seef
Fjouwerkante bakfoarm
Moaie glêzen


Yngrediïnten:
100 gr mangelmoal (amandelmeel)
2 aaien
1 ytleppel sûkerferfanger
1 ytleppel poeiersûker
1 teeleppel bakpoeier
500 gram mascarpone
200 gram light slachrjemme
1 teeleppel fanylje-ekstrakt
100 gram ierdbeien
100 ml. sterke kofje
1 ytleppel kakao

Foar it mangelbiskwy

Ferwaarmje de oven foar op 190°C. Splits de aaien en miks de aaiwiten yn de mikser mei it poeiersûker oant tsjokke piken. Klopje yn in oare kom it aaigiel en de sûkerferfanger mei de klopper oant it rjemmich is. Ming in lyts diel fan it opkloppe aaiwyt troch it aaigiel mei de klopper. Ming dan mei de spatel rêstich oan de rêst fan it aaiwyt mei it aaigiel. Ming it bakpoeier mei it mangelmoal en spatel dat troch it mingsel. Doch it beslach yn de bakfoarm en bak yn 20 minuten ôf.

Foar de mascarponefulling

Klopje de slachrjemme op mei in mikser. Spatel ûndertusken de mascarpone mei it fanylje-ekstrakt en ming dat mei de opkloppe rjemme.

Foar de tiramisu

Helje de kroantsjes fan de ierdbeien en snij de fruchten yn plakjes. Snij it mangelbiskwy yn de foarm fan ‘lange fingers’. Dompelje it biskwy koart yn de kofje en bedek de boaiem fan de glêzen hjirmei. Ferdiel de helte fan de mascarpone oer it biskwy yn de glêzen  en doch dêroer de plakjes ierdbei. Bedek dit mei de rest fan it mascarpone-mingsel en meitsje it ôf mei in laach kakao. Klear is dyn tiramisu!

(advertinsje)