Preitaart

Preitaart fan Dirk

Berêdingstiid 20 minuten (+  oven 30 min).

Nedichheden:
Taartfoarm
Koekepan
Foarke

Yngrediïnten:
1 grutte prei
1 lytse sipel
1 aai
2 plakjes ontbijtspek
50 gram ham yn blokjes
4 plakjes bladerdeeg
100 gram raspe âlde tsiis
Panearmoal
Bûter

Ferwaarmje de oven foar op 180 graden en smar de taartfoarm yn mei bûter. Snij de prei, sipel en spek en bak dit yn de pan oant it sêft en glânzjend is en lit ôfkuolje yn in kom. Beklaai de foarm mei it blêddaai en stroai in lyts laachje panearmoal op de boaiem. Doch by de folling yn de kom in loskloppe aai en twa ytleppels raspe tsiis en de hamblokjes. Goed minge!

Doch de folling yn de taartfoarm. Hâld wol wat romte tusken de boppeste râne fan it daai en de folling. Tear no de rântsjes blêddaai dy’t boppe de folling út stekke nei binnen ta. Stroai de rest fan de tsiis oer de taart en set yn de oven om yn 30 minuten gear te wurden. Lekker ite! 

(advertinsje)