Appelbeignets

Appelbeignets fan Anne

Berêdingstiid: 20 minuten (+ oven 22 min).

Nedichheden:
Appelboar
Bûterkwast
Foarke

Yngrediïnten
6 plakjes blêddaai (bladerdeeg)
3 frisse appels
150 gram marsepyn
1 aai + 1 aaigiel
2 ytleppels créme fraiche

Lit it blêddaai ûntteie en ferwaarmje de oven foar op 190* 

Skyl de appels, ferwiderje it klokhûs en snij de appel yn tinne plakjes. Roer 1 aai mei twa ytleppels créme fraiche troch de 150 gram marsepyn. Meitsje de plakjes blêddaai ovaal troch de rântsjes om te tearen. Bestryk de boaiem mei in flinke dot fan it marsepynmingsel. Lis hjir in pear fan de tinne plakjes appel op. Bestryk de rântsjes mei aaigiel en bak de beignets yn 22 minuten goudbrún.  Lekker ite!

(advertinsje)