Dit is...

Michiel

Wa is Michiel de Waal?
Hikke en tein yn Harns en 37 jier âld. Wy hawwe it hjir oer Michiel de Waal. Michiel is dosint muzyk op OSG Sevenwolden op it Hearrenfean. Hy stiet al sa’n 16 jier foar de klasse, mar is dêrneist ek noch muzikant! En sa is Michiel breed ynteressearre, hy hat nammentlik ek in eigen boat wêrmei hy oer de Fryske wetters fart.

Michiel en itensiede..
Michiel komt út in fiskersfamylje en dêr is praten oer iten sawiesa al in hobby. Syn mem fûn it altyd al moai om nije gerjochten te meitsjen. Michiel syn leafde foar itensieden ûntstie doe’t hy op keamers wenjen gong. Doe moest hy sels itensiede fansels. Mar út pakjes ite wie net wat foar him, hy woe leaver mei natuerprodukten wurkje en it boek fan Jamie Oliver holp him dêrby. Michiel besyket sels altyd de yngrediïnten op in kreative wize te ferwurkjen. “In skoftke lyn kriich ik in moaie krop andyvje en courgette út eigen tún. Dêr haw ik doe in pankoektaart fan makke mei sjoärma en appel.” Mar net alle resepten binne in grut sukses. Michiel hat ien kear besocht stamppot te meitsjen, mar dat gie net hielendal goed. “Ik hie der fiersten te folle wetter by dien en dêrtroch siet der hielendal gjin smaak oan. It gebeurt net faak mar doe haw ik echt alles fuortsmiten.” 

(advertinsje)