Dit is...

Leo

Wa is Leo van der Zee?

Leo van der Zee is 27 jier en hat in multimedia design-oplieding dien. Hy fertsjinnet de kost as DJ by Club Red en oare optredens. Dêrnjonken is hy grafysk foarmjouwer. Doe’t Leo op syn 18e op himsels wenjen gie, ûntduts hy it itensieden. Syn mem komt ut de bakkerfamylje Bottema fan Rinsumageast en neffens Leo hat hy fan har de leafde foar iten meikrigen.

Leo en itensiede...

Leo neamt himsels in autodidakt. YouTube is syn kookboek. Dêr sneupt er alles ôf op syk nei bysûndere gerjochten en yngrediïnten. Itensiedersboeken lêst er hast net. Leo is krekt werom fan in reis fan seis moannen troch Azië. Hy seit dat er dêr nije ynspiraasje opdien hat. Sa folge hy in kookworkshop by in âld froutsje yn Thailân. Leo is eins in kosmopolityske kok, want hy fynt it ynteressant om streekprodukten fan hjir te kombinearjen mei ynfloeden fan bûten. ,,Sa jou ik âlde gewassen út Fryslân in nij jaske’’, seit hy. 

(advertinsje)