Dit is...

Gesina

Wa is Gesina Goudberg?
Gesina is 51 jier en wennet yn Grou. Har berop is fasiliteiten manager, mar op it stuit is sy hurd op syk nei wurk. Neist itensieden hâldt sy fan alles wat mei iten en drinken te meitsjen hat. Dat betsjut; oer de merk rinne op syk nei bysûndere grienten en huning of bygelyks sels iis meitsje. Efkes te rinnen of lêze fynt sy ek moai om te dwaan.

Gesina en itensiede..
“Myn suksesnûmer yn de keuken? Dat is hasjee. Pastagerjochten gean my ek altyd goed ôf.” Fansels binne der ek dingen dy’t Gesina minder goed kin. De presintaasje fan in gerjocht fynt sy lestich. “Fierder is it gewoan in kwestje fan dwaan. Dat rint fansels net altyd goed ôf, dus der mislearret ek wol ris wat”, seit Gesina. “Ik wurkje sûnder resept en probearje gewoan út.” Gesina hâldt fan farske produkten en makket it dêrom leaver sels dan dat sy it út de supermerk hellet. Fan chips hâldt sy hielendal net. Allinnich wannear’t sy it sels makket, dan smakket it har goed!

(advertinsje)