Dit is...

Evert

Wa is Evert Matla?

De 48-jierrige Evert komt fan Den Haach, mar wennet al 21 jier yn Fryslân. Hy hat twa jier Frysk folge by de AFUK om it Frysk te learen. Evert is accountmanager saaklike markt foar Bruynzeelkeukens yn Fryslân en Noard-Hollân en dat is te sjen oan syn moderne keuken thús.

Evert en itensiede..
Evert is eartiids as jonge begûn mei in koksoplieding, mar hy heakke ôf doe’t hy op staazje yn in smoarige keuken syn dagen slite moast. Noch altyd har er noch wol de winsk om kok te wurden. ,,Maar ja, gaandeweg het leven krijg je steeds meer verplichtingen. Hypotheek, vrouw en kinderen.’’ Dus dêrom libbet Evert him no hobby-matich alle dagen út yn syn eigen keuken. Syn nijste passy is it fermintearren fan yngrediïnten, benammen griente. Fermintearjen is it kontrolearre ferrotsje litte fan bygelyks grienten. Dat jout in ekstra diminsje oan de smaak. De griente lit er rotsje yn in sâltoplossing mei bygelyks knyflok of oare krûden. Op dy wize besiket hy oan griente yn nije smaaksensaasje te jaan. 

(advertinsje)