Dit is...

Dirk

Wa is Dirk Reitsma?
Dirk út Sint Anne is mei syn 68 jier de âldste kandidaat fan Tafel 18.  Hy is no mei pensjoen mar dêrfoar wie Dirk ûnder oaren wurktúchboukundige, monteur skipsmontoaren, postbeämbte, gemeenteriedslid, bûnsbestjoerder en meiwurker klanteservice by TNT. No hat er tiid foar oare dingen. Neist itensieden hâldt Dirk ek fan skilderjen, tekenjen, muzyk en toaniel. 

Dirk en itensiede...
Dirk hat foaral in protte sukses mei syn hinnekroketten en hertlike taarten. Mar sa no en dan makket hy ek wolris in breidstaart, en dy falle ek goed yn ‘e smaak. Binnen Dirk syn famylje, freonen en kennissen hat hy in protte fans. “Foaral wannear’t it giet om myn spesjale hapkes en Tapas. It breacupke mei tsiiskrême of sâltehjerringmousse. Dat is in útfining fan mysels en dêrby favoryt.” Mislearje is neffens Dirk in learmomint en fan syn kreaasjes binne wis guon wolris mislearre. Mar op dit stuit komt it eins net safolle mear foar, ienfâldichwei om’t syn ûnderfining mei itensieden dêr foar soarget! 

(advertinsje)