Dit is...

Brenda

Wa is Brenda van der Laan?
Ynterieurarchitekt Brenda van der Laan is 56 jier en wennet yn Sint-Jabik. Neist itensieden giet sy graach nei bûten foar in blokje om, hâldt sy fan reizgje en keunst besjen yn musea. As lyts famke stoen sy al graach yn de keuken. Doe noch op in stoel neist mem, mar letter ek sels om iterijkes te fersoargjen.

Branda en itensiede..
Brenda sied noait iten oan ‘e hân fan in resept. Wol kent sy in protte gerjochten út har holle, en dat komt gewoanwei troch in soad te meitsjen. Favoryt yn de famylje fan Brenda is de ‘American cheesecake’. “Dy taart is altyd feest” seit Brenda. Sy hat ek in protte fans. “Ik sied faak iten foar in groep byldhouwers en sy binne altyd hiel tefreden!” 

(advertinsje)