Assistent van het Talent

Nominearje dyn assistint

Yn byld binne se hast net, mar sy binne oeral: de minsken dy’t der foar soargje dat sporters, jong en âld, sporte kinne. Foar al dy frijwilligers is der no de titel ‘Assistent van het talent’. In inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. De nije priis wurdt útrikt op it Sportgala Fryslân.

De assistint fan elke sporter en elk team komt yn oanmerking foar de titel. Fan de memmen dy’t der foar soargje dat de sportklean wasken wurde oant de linenlûkers op it fjild en fan de coach fan de F-kes oant de trainer fan topsporters. De assistint dy’t úteinlik troch in sjuery útroppen wurdt ta ‘Assistent van het talent’ fan Fryslân, wurdt by it Sportgala Fryslân yn it sintsje setten. It gala wurdt jierliks organisearre troch Sport Fryslân en rikt prizen út yn ferskate kategoryen, wêrûnder Sportman en Sportfrou fan it jier.

Kenne jo immen dy’t de titel ‘Assistent van het talent’ fertsjinnet? Jou him of har dan op fia www.sportgalafryslan.nl of hjirûnder. De assistinten kinne oant en mei 31 jannewaris nominearre wurde.

(advertinsje)