Wike fan soarch en wolwêzen

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Der binne op it stuit in soad tekoarten yn de soarch en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is der by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch.

​Yn de temawike is Omrop Fryslân ek by ferskate soarchynstellingen te finen om sa folle mooglik minsken entûsjast te meitsjen foar de soarch. Want: de soarch wol dy! Alle dagen binne persoanlike portretten fan minsken dy't yn de soarch wurkje te sjen yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed. Fan ferpleechkundige, ien yn de thússoarch oant in GGZ-meiwurker: al it wurk is like wichtich. Yn de 'Wike fan soarch en wolwêzen' wurde der tal fan aktiviteiten rûnom yn de provinsje organisearre. Op radio wurdt alle dagen ferslach dien fan dy ludike aksjes foar soarchynstellingen.

Op dizze side, Omropfryslan.nl/soarch, is alles te finen oer de temawike. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

Mear nijs oer Wike fan soarch en wolwêzen

(advertinsje)