Skûtsjesilen

Skûtsjesilen 2021

    It SKS en IFKS skûtsjesilen giet yn 2021 net troch. It betsjut dat der dit jier, krekt as yn 2020, gjin skûtsjekampioenskippen syld wurde yn Fryslân.

    Mei troch de oprinnende besmettingssifers en de nije coronamaatregelen sjogge organisatoaren en de belutsen gemeenten gjin kâns om it kampioenskip feilich te organisearjen. It grutste argumint fan de gemeenten is dat it publyk net tsjin te hâlden is.

    Skûtsje nijs

      Omrop Fryslân folget alles oer de skûtsjes op 'e foet. Yn dit dossier wurde alle nijsberjochten oer it skûtsjesilen sammele.

      (Advertinsje)