Skûtsjesilen

It skûtsjesilen yn Fryslân: trije wike lang stride de ferskate skûtsjeskippers tsjininoar op de Fryske marren. Se hawwe mar ien doel: winne! De wedstriden fan de SKS en IFKS hawwe beide sa harren eigen sjarmes. Oan de SKS dogge altiten deselde fjirtjin skûtsjes mei. De skippers fan dy skûtsjes moatte út in tradisjonele Fryske skippersfamylje komme. De IFKS hat in wat iepener karakter, om’t elkenien mei in skûtsje dielnimme mei. Mear as sechstich skûtsjes dogge yn fjouwer klassen oan de wedstriid mei. Omrop Fryslân folget it allegearre en docht live ferslach mei rom omtinken foar útslaggen en ynterviews mei de skippers en de bemanning.

(advertinsje)