Fierljeppen

Fleane yn ‘e polsstôk, nei de top klimme en sa fier as mooglik útspringe op it sân oan de oare kant fan de sleat. En dan mar hoopje dat der neat stikken is en it rekôr ferbrutsen is... De wedstriden dy’t fan it simmer sprong wurde, belove wer in hiel spektakel te wurden. Wa set in nij rekôr? Wa falt bûten de prizen en wa wint? Yn Fryslân wurdt der sprong op topnivo en dat is te sjen, te hearren en online te folgjen by Omrop Fryslân. Wy binne der oant en mei de lêste sprong by en bringe jo op 'e hichte fan alle nije, ûnferwachte, nuvere en moaie dingen. Hâlde jo it drûch?

(advertinsje)