Promoteam

Admiraliteitsdagen yn Dokkum

It promoasjeteam fan Omrop Fryslân slút sneon de simmer ôf op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum! Mar leafst 10.000 simmerbrillen binne der útdield de ôfrûne wiken. Wolsto ien fan de alderlêste eksimplaren hawwe? Wy steane by de 'Moai fuort' camper op de Markt, op it Tostafestival tusken 13.00 en 15.00 oere. It wurdt moai sinnebrillewaar dus oant dan!

De Fiskerijdagen yn Harns

Op sneon 27 augustus is Omrop Fryslân te finen by de Fiskerijdagen op de Nieuwe Vissershaven yn Harns. Hjir sil DJ Johan Terpstra fan 12.00 oant 17.00 oere plaatsjes draaie en kwissen spylje mei in moaie prys: in echte Omrop Cardboard VR-bril. Hjirmei kinsto yn in oare wrâld dûke. Mar ek it promoteam is oanwêzich om dy fan dy hippe Simmerbril te foarsjen mei it moaie simmerske waar. Fierder rydt de camper fan Moai fuort nei Harns om it barren te registrearjen op radio en ynternet.

Promoteam

Hy is blau, hy is trochsichtich en do sjochst der tige simmersk út ast him op de noas setst: de Simmer yn Fryslân sinnebril! It model is hielendal 2016, en sa ast dat went bist fan Omrop Fryslân, past hy op elke holle. Man, frou, jong, âld, bern: elkenien komt der mei wei. De wrâld sjocht der in hiel stik helderder út troch de blauwe bril en hy beskermet dyn eagen boppedat tsjin dy mislike michjes yn de bûtenloft. Wolst ek sa’n bril? Sykje dan it promoteam fan Omrop Fryslân op.

It Omrop Fryslân Simmer yn Fryslân Promoteam is dizze simmer wer op 'en paad en is dizze simmer hjir te finen:

Profronde (Surhústerfean)             tiisdei 26 july
SKS (Grou)                                       sneon 30 july
Ballonfeesten (De Jouwer)             snein 31 july
PC (Frentsjert)                                  woansdei 3 augustus
FK Fierljeppen (Winsum)                 sneon 13 augustus 
IFKS (Lemmer)                                  sneon 20 augustus
Fiskerijdagen (Harns)                       sneon 27 augustus
Admiraliteitsdagen (Dokkum)          sneon 3 septimber

(advertinsje)