Wike 6

Sneon 27 augustus: Harns

Hjoed stean wy mei de camper op de Fiskerijdagen yn Harns.

Freed 26 augustus: Aldeboarn & Nij Beets

Moai fuort hjoed yn de omkriten fan Nij Beets en Aldeboarn. De earste stop: tsiisbuorkerij De Deelen. Dêrnei ride Willem en Lennie troch nei Halte Leppedyk, in rêstplak en lytse gebaksbakkerij. Siepie makket alderhande gebak op bestelling en dy kinst ek krije yn de teetún. De tredde stop is Aldeboarn, dêr't se de puntsjes op de -i sette foar de Gondelfeart fan jûn.

Tongersdei 25 augustus: Stiens e.o.

Hjoed ride we yn de omkriten fan Stiens. Yn Hallum wurdt hurd timmere oan it spikerdoarp. Op de minicamping De Seedykster Toer is in hiel soad te sjen en te dwaan. En fierders sille Lennie en Willem nei de Pannekoektrein yn Marrum, de autocross fan Hallum en bernebuorkerij Donia State.

Woansdei 24 augustus: It Amelân

Wy ferlitte it fêste lân en pakke de boat nei It Amelân. We bringe in besite oan de fjoertoer, mar kinne it strân fansels net oerslaan om dêr mei in bôge te sjitten. O'ja en Willem woe ek noch hiel graach wat moster meitsje.

Tiisdei 23 augustus: Balk

Op nei Gaasterlân! Op de Sleattemer Mar meie wy hjoed flyboarde en dêrnei is it tiid om fleis en iel te rikje. Ek dûke wy yn de Feestweek Balk.

Moandei 22 augustus: Berltsum en Ljouwert

It is moandei en dus moat der wer wurkt wurde! Andor en Johanna sille earst tomaten plukke yn Berltsum en dernei troch nei de biste-opfang en spultsjewike yn Ljouwert.

Snein 21 augustus: Tytsjerk

Op dizze reinige snein meie Suzanne en Timo nei it Imaginariumfestival.

(Advertinsje)