Wike 5

(advertinsje)

Sneon 20 augustus: Kollum

Hjoed rydt de Omrop-camper mei Suzanne en Timo nei Kollum Wet 'n Wild! Dêr is fan alles te dwaan, fan toniel en muzyk oant ien dy't fjoer spuid.

Freed 19 augustus: Bakkefean

Hjoed is de kamper Moai fuort yn Bakkefean by it Dodo Festival en it Doalhôfpark

Tongersdei 18 augustus: de Stellingwerven

Hjoed gean Johanna en Lennie te silen mei in bysûnder skûtsje. En yn Easterwâlde belibje se de buorkerij fan de famylje Van Daatselaar. Oan 'e ein fan 'e middei is it tiid foar in les Didgeridoo!

Woansdei 17 augustus: Warkum

De Simmer yn Fryslân camper is hjoed de hiele dei yn Warkum. Johanna en Lennie gean moarns op besite by camping Welgelegen en supper dêr yn it swimbad. Middeis jout Jildau de dames in wynsurflea by Soal Surf & Beach. En oan it ein fan de dei hawwe se noch in spannende slowbike wedstriid yn it sintrum fan Warkum.

Tiisdei 16 augustus: Súdwest-Fryslân

Hjoed rydt de camper kris kras troch Súdwest-Fryslân. Earst by swimbad Mounewetter yn Wytmarsum del. Dêrnei ride Johanna en Gerrit troch nei de kop fan de Ofslútdyk, dêr't it Kazemattenmuseum stiet. En oan 'e ein fan 'e middei einigje se yn Penjum, by Proeflokaal en eetcafé De Hollandse Kus.

Moandei 15 augustus: Burgum

Hjoed ride Gerrit de Boer en Johanna Brinkman nei Sumar en Burgum. It wurdt in aktive dei, want se sille te silen en nei it outdoorcentre Aventoer Burgum.

Snein 14 augustus: It Hearrenfean

Timo en Roelof ride hjoed nei It Fean. It is tiid foar in rûntsje karten en dêrnei sille se de sneupersmerk opsykje.

(advertinsje)