Festivette

  • Festivette kompilaasje 2016

Mei Festivette kin elkenien mei feestje mei de festivals rûnom yn de provinsje. In team fan entûsjastelingen is dizze simmer te finen op ferskate festivals: fan in metalfestival by de Aldehou oant in geheimsinnich hippyfeest by de Griene Stjer. Foar, op en nei de festivals is op social media in ferslach te finen mei foto’s, filmkes en live-ynterviews. Hiel Fryslân kin dizze simmer dus fia Facebook, Twitter, Snapchat en Instagram meigenietsje fan al dy prachtige festivals yn ús provinsje.

Festivals:

25 Juny: Dokk'em Open Air
02 July: Beachrockers Festival
09 July: Farmfest 
16 July: Welcome to the Village
29 July: Veenhoop Festival
13 Augustus: Into the Grave
20 Augustus: Imaginarium Festival
27 Augustus: Psy-fi
03 Septimber: Into the Great Wide Open

(advertinsje)