De Tall Ships Races yn Harns

(advertinsje)

3 july oant en mei 6 july

Fan 3 oant en mei 6 july stiet Harns yn it teken fan de Tall Ships Races, it grutste nautyske evenemint ea yn Fryslân organisearre. Al mei al komme der 65 Tall Ships nei Harns en der wurde 350.000 besikers ferwachte.

Yn wedstriidferbân dogge de Tall Ships Fredrikstad en Bergen yn Noarwegen en Esbjerg yn Denemarken oan. Oan board fan de dielnimmende skippen rom 1500 jongeren. It meifarren fan de jeugd, saneamde trainees tusken de 15 en 25 jier, is de grutte doelstelling fan The Tall Ships Races en de organisearjende ynstânsje Sail Training International. It foar it earst yn de skiednis fan de Tall Ships Races dat in Nederlânske havenstêd útkeazen is as starthaven.

Omrop Fryslân docht ferslach fan dit evenemint. Op ynternet, radio en televyzje: fan de Sail In Parade op tongersdei 3 july oant de Sail Out Parade op snein 6 july en alle aktiviteiten dêromhinne.
It Tall Ships Races televyzjeprogramma mei Miranda Werkman is alle dagen live te sjen om 18.20 oere. Hjirnei alle oeren wer te sjen nei Hjoed.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de organisaasje en op Twitter.

(advertinsje)