De fiifde Solar Challenge op Omrop Fryslân

De etappe fan sneon 5 july

    Sneon is de lêste etappe fan de DONG Energy Solar Challenge. Dan race de sinneboaten fan Harns nei Ljouwert. Fan 16.00 oere ôf is de grutte finale yn de Prinsetún. Yn in tal klassen rint de spanning heech op en moatte de teams noch folop oan de bak. Sa is it ferskil oant de wedstriid fan sneon tusken de nûmer 1, NHL Solarboat Racing en nummer 2 in de Challenge A, it Poalske Scigrip Solar Boat Team mar 6,5 minuten.
    (advertinsje)

    De etappe fan freed 4 july

      Op dizze foarlêste dei fan de Solar Challenge wurdt de rûte kompleet oars. Dit hat de organisaasje besletten. De reden is dat de drokte fan de Tall Ships yn Harns fan grutte ynfloed is. Dêrby is in ûnferwacht heger wetterpeil foar guon boaten in obstakel by de brêgen. De lange ôfstânsrûte giet fan Harns nei Boalsert en werom.

      De kemping

        Wat gebeurt der nei de priisútrikking as alle boaten op de wâl lizze en elkenien de kemping opsiket. Op kemping de Zeehoeve yn Harns sjogge wy wat de teams dogge en hoe 't it der om en ta giet.

        De etappe fan tongersdei 3 july

          Op nei de Tall Ship Races yn Harns! Nei in ekstra dei yn Snits fart de float fia Drylts, Boalsert, Arum en Achlum rjochting Harns.

          De organisaasje

            Sa'n enoarm grut evenemint kin allinnich mar plak fine mei in goeie organisaasje en foldwaande frijwilligers. Marten Bouma is ien fan dy frijwilligers dy't alle dagen fan moarns betiid oant jûns let belutsen is by de Solar Challenge. Hy regelet fan alles op it wetter en is oeral by as der wat bart.

            De etappe fan woansdei 2 july

              Op woansdei hoege de sinneboaten gjin lange ôfstânnen ôf te lizzen, want se bliuwe yn Snits. Mar dat betsjut net dat de teams rêstich oan dwaan kinne, want se moatte it tsjinelkoar opnimme yn in nij ûnderdiel: de massastart en in sprintwedstriid.

              De Solar Challenge Karavaan

                As alle boaten fuort binne, is der noch hiel wat wurk te dwaan foar de minsken dy't achterbliuwe. Want de hiele kampus moat ferpleatst wurde fan it iene nei it oare finishplak. En dat is foar de Solar Challenge Karavaan, dy't út sa'n 350 misken bestiet, in wiere krachttoer. Sy soargje der ûnder oaren foar dat de dielnimmers sliepe en ite kinne, dat de boaten ûnderhâld krije en dat de rûtes útsetten wurde.

                De Young Solar

                  Yn Snits komme ek de dielnimmers fan de Young Solar yn aksje. De Young Solar is dit jier foar it earst en it is foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis. Mei in spesjaal ûntwikkele sinneboat dogge de jonge dielnimmers mei oan de massastart, de sprint en de slalom. En sa kinne sy meilifte op de kennis en kunde fan de dielnimmers fan de 'echte' race.

                  De etappe fan tiisdei 1 july: Drachten - Snits

                    Op de fjirde dei fan de Solar Challenge farre de sinneboaten fan Drachten nei Snits en de totale lingte fan de etappe is 38 kilometer. Fanút Drachten fia de earste finish by it 'Krúswetter' farre de boaten fia de Grutte Potten troch nei Snits, dêr't de twadde finish by de Wetterpoarte is. Op dizze wedstriiddei folgje wy it Synergy Solar Team fan ROC de Friese Poort Drachten.

                    De oerstek

                      Yn de rûte is de oerstek by it Prinses Margrietkanaal. Dat sil yn konfoai barre en hat aardich wat organisaasje nedich.

                      De jûnsetappe

                        Op de tredde dei fan de Solar Challenge is in nij elemint ynbrocht; de jûnsetappe. Op moandei om ûngefear 16.00 oere wie de twadde finish yn Zoutkamp. Fan dêrút gongen alle sinneboaten op trailers rjochting Fryslân. Dêr kamen se oan op kamping 'de Leyen' by De Rottefalle en starten om 19.00 oere harren jûnsetappe.

                        De etappe fan moandei 30 juny: Grins - Drachten

                        • Natasje Kesteloo, haad fan de wedstriidorganisaasje
                        • Sierd Visser fan it team fan ROC Friese Poort út Snits
                        Dit jier folget de Dong Energy Solar Challenge in nije rûte. Yn plak fan de tradisjonele Alvestêderûte farre de sinneboaten no om it hurdst fan Blauwestêd yn Grinslân nei Ljouwert. Yn fiif etappes moatte de dielnimmers dy rûte ôflizze. Hjoed is de tredde wedstriiddei. De boaten farre fan Grins troch it Reitdjip nei Sâltkamp. Moandei folgen wy út de topklasse, it Clafis Private Energy Solar Team út Ljouwert. Har boat hellet hast 45 kilometer de oere en se ha al in soad oerwinnings op har namme stean. Nei de finish yn Sâltkamp wurde de boaten op trailers set en giet it ferfier oer it lân nei Drachten. Dêr is jûn de earste Fryske etappe.

                        De histoarje

                          Yn Australië organisearren se de World Solar Challenge op de dyk. Yn Fryslân kin dat ek, mar dan op it wetter. Sa tocht Bouwe de Boer, de betinker fan de Solar Challenge yn ús provinsje. In 2006 wie it safier: de earste edysje fan de Frisian Nuon Solar Challenge en no fiere se har lustrum. Nei de earste race hat de Solar Challenge grutte ynnovaasjestappen makke. Bouwe de Boer sjocht werom yn de tiid en foarút nei de takomst.

                          It Amerikaanske team

                            De Amerikanen dogge dizze edysje fan de Solar Challenge foar it earst mei. Se wiene begjin ferline wike al te gast op it Ljouwerter Lyseum om harren boat op te bouwen. Op dit momint hawwe se de bêste ploech ea, sa seit Nathaniel Krassnoff fan it Carnegie Mellon Solar Racing. 'Wy gean yn Nederlân foar de oerwinning yn de kategory Challenge B.' Dochs sit it by de start fan de Solar Challenge net hielendal mei...

                            Grinzer sinneboat al útbaarnd

                              Noch foar de start fan sinneboatrace yn it Grinslanner Blauwestad is sneintemoarn betiid ien fan de boaten yn brân flein. Neffens de projektdirekteur fan de Dong Engergy Solar Challenge is der neat fan de boat oer. It team dat mei de boat farre soe, SDOG út Grins, kin dan ek net oan de race meidwaan. By de brân rekke nimmen ferwûne. De oarsaak fan de brân is koartsluting. De oare 37 sinneboaten binne wol fan start gien. Omdat de sinne him mar sa út en troch sjen lit, wurdt it in spannende earste wedstriiddei. It komt foar de dielnimmers no oan op taktyk en technyk. Fan Blauwestad ôf giet de race yn sân etappes dwers troch Grinslân en Fryslân nei Ljouwert. De finish is nije wike sneon yn de Prinsetún.

                              28 juny oant en mei 5 july

                              Foar de fiifde kear wurdt fan 28 juny oant en mei 5 july de Solar Challenge hâlden, de grutste race foar boaten op sinne-enerzjy fan de wrâld. De rûte giet foar it earst net by de alve stêden del, mar de start is yn Blauwestad yn Grinslân. Dêrnei farren de boaten yn seis dagen fia Grins, Drachten, Snits en Harns nei finisjplak Ljouwert. De DONG Energy Solar Challenge is bedoeld foar teams fan hegeskoallen, universiteiten en spesjalisearre bedriuwen út binnen- en bûtenlân. Alle sinneboaten binne sels boud en farre folslein op sinne-enerzjy. De dielnimmers komme oeral wei: Sina, Yndonezië, Brazilië, Amearika, Turkije, Dútslân, Finlân, België, Poalen en fansels Nederlân. Omrop Fryslân folget it evenemint op de foet op ynternet, radio en televyzje. Sa is der alle dagen in Solar Challenge Sjoernaal nei Hjoed mei omtinken foar de wedstriid en alle omballings. Sa sjogge de etappes derút: -Sneon 28 juny: Blauwestad (startdei) - Snein 29 juny: Blauwestad - Grins - Moandei 30 juny: Grins - Drachten - Tiisdei 1 july: Drachten - Snits - Woansdei 2 july: Snits - Tongersdei 3 july: Snits - Harns - Freed 4 july: Harns - Sneon 5 july: Harns - Ljouwert (finale) Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de organisaasje en op Twitter.
                              (advertinsje)