De Skûtsjekollum fan Hilda Talsma

Oer Hilda Talsma

Alle dagen fan it Skûtsjesilen komt Hilda Talsma mei in kollum oer de silerij op Omrop Fryslân Radio. Hilda Talsma is skriuwster fan ferskate romans (ûnder oare 'Flammen', 'Brekber' en 'Wyn fan feroaring') en it skûtsjeboek 'De Jonge Jan'. Se is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Op dizze side binne alle kollums werom te lêzen en te harkjen.

(advertinsje)

De kollum fan 8 augustus: "De lêste dei"

  • De kollum fan 8 augustus: "De lêste dei"

De earste dei fan de SKS wie in prachtige dei om te silen en de lêste dei fan de IFKS ek. Dêr tusken yn hawwe wy stoarm, rein, kjeld en hurde wyn hân en de ôfrûne wiken wiene net altyd ideaal wat de wyn oanbelanget. Mar lokkich hat de sinne ús al wer ferwaarme, oars hiene wy no allegear djipfriezen west mei in min sin. Ik teminsten al.

Wy hiene hjoed gjin senuwen foar de wedstriid en dat wie wol noflik. Wy hoegden hjoed net mei de hannen op ‘e earen yn in boat te dûken omdat de spanning ús tefolle waard. Dat hawwe oaren grif al dien en dat is in kloategefoel. Ik hâld net sa fan senuwen, ik ha leaver moai waar.
Je wurde moarns wekker mei pinebúk en dat giet net fuort. Ûnder it iten is de bemanning stil en op in bepaald momint komme de gasten.
Famylje, freonen en doarpsgenoaten dy’t meilibje en eltsenien sit op skerp nei sa’n wedstriid te sjen. Wat ik dêr sa ferfelend oan fûn, wie it kommentaar oer de silerij. En ek it kommentaar op de radio koe ik dan net mear ferneare. Gek waard ik derfan en dan gong ik fuort. Hjoed ha ‘k my oan gjinien stoard.

Dit is ek myn lêste kollum. Doe’t se my, fregen wist ik net wat my te wachtsjen stie en ik hie it gefoel dat ik yn it djippe goaid waard. En BAM! Dêr wiene se wer, dy aaklike senuwen. Mar se hawwe my by de Omrop net fersûpe litten en lokkich kin ‘k wol in bytsje swimme. De senuwen giene al gau kopke ûnder en kamen ek net mear boppe driuwen.

Ik ha sjen kinnen hoe’t it der om en ta giet achter de skermen fan it Skûtsjesjoernaal en de radioútstjoerings en dat hâldt hiel wat yn. Ik wol de Omrop dan ek hertlik betankje foar dizze kâns. It hat my goed foldien en ik ha der in soad fan leard.

En wat hiene we wer in spannend kampioenskip! Blide minsken, djip teloarstelde minsken en alles wat der tusken yn sit en dat allegear troch dy skûtsjes. De striid is wer striden en ik wol Tony Brundel en syn bemanning fan herte lokwinskje mei dizze prestaasje.
Jûn noch efkes it feest yndûke en dan moarn wer nei hûs.

De kollum fan 7 augustus: "De weagen fan it libben"

  • De kollum fan 7 augustus: "De weagen fan it libben"

"Ik sit by de tafel yn ‘e folchboat en ha útsicht op de brede rêch fan de skipper. We farre einlings de slús yn. Achter ús lizze in hiele soad skippen dy’t der ek noch troch moatte en it is in moai gesicht. As we dertroch binne is it al tsjuster mar ús float kin al wer by de pier lizze. ‘It is hast wer foarby’, seit ien fan de bern moedeleas mar we hawwe in fantastyske wike hân.

It silen gong net sa goed as it ferline jier. Troch drokte op it wurk hie it skûtsje minder prioariteit as oars. En dan kinne je tinke, wat makket dat no út? Je stappe mei deselde bemanning op deselde boat, dus sile bliksem! Mar sa wurket it net en dat makket it skûtsjessilen ek wol wer spesjaal. It is sa no en dan sa ûnfoarsisber dat je der betiden wol gek fan wurde kinne.

Dochs kin ik ek hiel bliid foar in oar wêze en ik gun eltsenien in poadiumplak. It is prachtich om te winnen en dat hoege net alle jierren deselden te wêzen. It is ek wol apart want de iene hat senuwen omdat hy of sy kampioen wurde kin en de oare omdat er degradearje kin. En dêr tuskenyn mar hoopje dat je net al te beroerd sile.

De grutte A is meastal oant de lêste minuut spannend en je binne krekt echt kampioen as je oer de finish sile. De skûtsjes binne allegear oan elkoar weage en je moatte de kop der goed by hâlde. Dat is de iene kear makliker as de oare. Om yn in topkondysje foar it silen te wêzen, hat neffens my mear mei it mentale stik te krijen. As ik se sa besjoch dan tink ik ek net dat de measte skippers hurddravers binne en bier mei droege woarst litte se ek net stean.

Uteinlik giet it om de leafde en oandacht foar je skip en de silerij. Mar de drokte kin de leafde oer it mad komme wêrtroch de oandacht minder wurdt. Dat binne de weagen fan it libben dêr’t je tsjinyn swimme kinne en úteinlik fersûpe of dêr’t je op meidine oant je fansels oanspiele en de fêste wâl wer ûnder je fuotten fiele."

De kollum fan 6 augustus: "Lûde shit"

  • De kollum fan 6 augustus: Lûde shit

"Justerjûn leine we yn Sleat tichtby de tinte dêr’t it alle jierren dik feest is. Goede band, leuke minsken mar sa as oeral hjoed de dei, is de muzyk my te lûd en dêrom ha ‘k der net west.

Ofrûne sneon leine wy yn de prachtige haven fan Hylpen en neist ús stie in poadium op ‘e wâl mei in sjonger. We koene elkoar oan board amper mear ferstean, skande fan sa’n moaie dei. Ik begryp soks net. Mei ús doarpsfeest wie it ek sa. Nei de sneontejûns ha ik fjouwer dagen in rûs yn ‘e earen hân.

Meastal stean ik mei de fingers yn ‘e earen as der earne in band spilet mar dat liket ek sa ûnnoazel. Miskien moat ik dochs mar ris eardoppen keapje want altyd thúsbliuwe bliuw is ek wol spitich. In feestje is op ‘e tiid bêst leuk.

En no’t ik dochs seur… ik ergerje my ek blau oan de troep by sokke eveneminten. As it op in terrein is dan kinne se it it noch wol goed opromje mar it ferline jier leine wy yn ‘e âlde slús yn ‘e Lemmer. Moai waar en in moaie omset want der waard aardich sopen en de terassen sieten fol. It waaide allinnich wol hurd en ik siet op it skûtsje. De plestik glêzen waarden achteleas op ‘e grûn goaid en dy waaiden allegear yn it wetter. Nimmen makke him der drok om.

Ik waard der sjegrinich fan en fûn it asosjaal. Yn Starum dreau der tusken ús skip en de wâl ek fanalles. In danoontje, plastik pûdsjes… wêrom dogge minsken dat? Soene der allegear keutels driuwe, dan soe eltsenien mei ôfgrizen roppe dat it goar is wylst dat plestik guod folle slimmer is foar it miljeu.

It skynt dat we troch al dat plestik, sels ek fol skealike stoffen komme te sitten. Kinst hast gjin iten mear keapje dat net yn plestik sit. As it sa trochgiet dan skite wy aanst ek plestik keutels. Miskien wol rôze en giele. Dan wurdt âlderwetske stront hippe shit en is net ien der mear fiis fan.

Minsken en de natoer… wol jammerje as se in sneu filmke sjogge dat oer bisten of oare lannen giet mar ûndertusken de eigen provinsje wol fersmoargje omdat it tafallich sa útkomt. It is ek om te janken mar de dikste triennen gûlt ús mem, de natoer!"

De kollum fan 5 augustus: "Tiid"

  • De kollum fan 5 augustus

"Ik sjoch leaver in rûchhouwer as in man yn in pak, mar dat sil gjin ferrassing mear wêze. Mei skippen is dat oars. Ik fyn dat in skip der kreas út heart te sjen. We komme noch wol gauris fan dy âlde rustbakken tsjin. Dat fyn ’k sa skande. Fan binnen is it dan meastal noch slimmer as fan bûten.
In moai skip kin in soarte fan iepenbiering wêze. Je sjogge meastal fan bûten net hoefolle romte der wol net yn sit en faak is it hiel smûk en persoanlik ynrjochte.
Hjoed-de-dei binne der hieltyd mear huzen dy’t deselde dingen hawwe, sa as bygelyks dy krema-toariumtunen fan stien en grind. Dat hast op in skip net en der is net ien gelyk. Minsken dy’t op in boat wenje binne faak ek krekt wat aventoerliker en kreativer. Je binne altyd dwaande mei agregaten, wâlstroom en wettertanken, hielendal as je gjin fêst lisplak hawwe.

Op in skip stappe is ek oars as oer je kreas betegele paadsje nei de foardoar tarinne dêr’t de auto op it hiem stiet. Je moatte faak oer oare boaten klimme om op je eigen te kommen en mei boadskippen en berneweinen is it in hiel gesjou. Mar je kinne wol earne oars hinne farre en oeral dêr’t je komme, binne je in soarte fan thús. Op it wetter is it ritme fan de klok ek oars, it giet stadiger en foar je gefoel hawwe je mear tiid. Eins ferdwynt dy earne tusken de einder en de loft en je sjogge fansels wol hoe let je te plak binne.

Ik soe net op in boat wenje wolle. Ik fyn it kreas betegele paadsje wol noflik mei de auto op it hiem en wêr moat ik mei al dy bisten hinne? Mar ik fiel my al thús op in skip en it is in moaie manier om je fakânsje te hâlden. Oardel wike yn it jier libje as in aventoerier is ynearsten genôch foar my en dêrom fyn ik it skûtsjesilen ek sa moai. As we dan thús komme, lizze de skippen wer foar de wâl en ik hoech der allinnich mar op te stappen om my wer sa frij te fielen. It ienige probleem is dat ik dêr dan amper mear tiid foar ha.

De kollum fan 4 augustus: "Sietse Poep"

  • De kollum fan 4 augustus

"Ik ha al in ferhaal oer in knyn ferteld dy’t mei wie te skûtsjesilen mar we hawwe ek ris in pykje mei hân. Dy hie ik fûn ûnder in beam en ik wist net wat it wie. Ik soe him by immen bringe mei mear fûgels en doe krige ik te hearren dat it in markol wie.
It wie in hiel lyts swart pykje en hy krige de namme Sietse Poep, ferneamd nei de man dy’t ‘De Jonge Jan’ bouwe litten hat. Us skûtsje hat de bynamme ‘De Poep’ en in poep is wer in markol. De opfieding en fersoarging fan Sietse gong tige bêst en doe’t wy skûtsjesile moasten, gong er mei.
Ik ha ferskate pykjes hân mar it grutbringen fan fjouwer bern is makliker. Sa’n pykje pipet de hiele dei en hat altyd honger. Freeslik yrritant mar ek sa oandwaanlik en leaf, je hawwe it der allinnich smoardrok mei. Sa ek dy wike mei it silen. Hy moast fan de iene boat nei de oare. Der wiene ek hûnen mei en dat moast ik goed yn ‘e gaten hâlde. Sietse waard grutter en soe him sels ek werris rêde moatte dat ik liet him alle dagen spartelje yn pannen mei wat wetter en letter yn in tobke.

Dêr gong it al mis. As er de boaiem net mear fiele koe, woe er derút. Ik fûn it sa apart en op ‘e Lemmer, ha ‘k Sietse meinommen nei it strân om him swimles te jaan. Ik rûn in eintsje it wetter yn en liet him los. Hy fûn it freeslik en swom hurder as Tony Brundel sile kin rjochting it strân of nei my.
Sietse Poep… in markol dy’t net swimme woe en ik hie der in probleem by want ik koe him net yn ‘e tún hâlde mei fjouwer hunen en fjouwer katten. Uteinlik ha ’k him nei de fûgelopfang yn Oerterp brocht. Hy kaam by soartgenoaten yn in hok dêr’t ek wetter wie en hy pipe sa lûd doe’t ik him achter liet. Myn hert bruts, mar it koe net oars. ‘Hoi Sietse,’ sei ik. ‘It giet dy goed, jonge. Ik ha myn bêst dien mar no moatst it sels dwaan.’ Ik wurd der suver wer emoasjoneel fan en de jonge fan de radio sit ek al neist my te gûlen.
De echte Sietse Poep hie hjoed grif grutsk west op syn Jonge Jan want se hawwe poerbêst syld.

De kollum fan 3 augustus

  • Kollum Hilda Talsma 3 augustus Plattebroadsjespraat

"As je in wike op paad binne mei dy skûtsjesilerij, giet it faak oer it iten. It begjint al dat je mei de catering ôfprate moatte wa’t spesjale winsken hat, sa as bygelyks in fegetariër of immen dy’t gjin ierdappelsmots mei. Wy hawwe ek ris in fegetariër oan board hân en dêr kocht ik dan fleistomaten foar.
Ôfrûne sneon soene wy yn Hylpen op it skûtsje ite. Mar doe’t it iten dêr úteinlik kaam, sieten der gjin pannen en bestek by. Dan wurdt it al lestich. Lokkich leine de âlden fan ien fan ús bemanningsleden tichtby en sy hiene noch wol wat plestik guod. Sa kamen de búkjes dochs fol.
Moarns helje ik altyd de boadskippen foar it middeisiten yn in boatsje mei ien of twa bemanningsleden mar okkerdeis wie ik rinnende wylst de manlju mei it boatsje giene. We hellen benammen bôle en broadsjes en ik hie al tjsin ien fan de jonges sein dat er wol útsykje koe wat er lekker fûn. ‘Wat ik lekker fyn leit hjir net tusken,’ sei er en hy lake fan ear ta ear.

Skûtsjehumor, je komme betiden net mear by. Fok oan! Fok off! Ek sa’n klassiker.
Ik besykje alles sa yn te pakken dat de broadsjes yn alle gefallen net plat binne as we by de folchboat komme. Farske croissantsjes dy’t krekt út ‘e oven komme mar as in dûbeltsje op ‘e panne lizze, fyn ik sa skande! Dy kinst net iens mear fatsoenlik iepen snije.
‘Foarsichtich mei de broadsjes!’ rôp ik doe’t se yn it boatsje stapten. ‘As se plat binne dan krijst in klap op dyn harses!’ Se kamen yn in perfekte steat oan. We hawwe ek alris hân dat se sa hurd foeren dat der in grutte weach oer de tassen spielde. Doe wiene de boadskippen wiet en it bôlegoud sompich."

It iten is dus wol in item sa’n wike mar we hawwe it ek oer oare dingen, hear. Sa ha ’k leard wat in bvo’tje is … in ‘biertje voor onderweg’ en in frou folknetterje is eat dat skipsbouwers dogge as se yn in romantyske bui binne. No ja … ik ha leaver plat praat as platte broadsjes want dêr kin ‘k teminsten om gnize.
En dan de silerij fan hjoed… it wie prachtich sylwaar mar De Jonge Jan sit noch net bepaald yn in flow dat wy hâlde it mar by plat praat.

De kollum fan 1 augustus: "Frysk bloed en heale hinnen"

  • Kollum fan 1 augustus

De iepen fryske kampioenskippen skûtsjesilen binne hjoed wer útein setten, koartsein de IFKS. De lytse A, C-, B en grutte A’s meitsje in wike lang mei 59 skûtsjes it Fryske wetter en de plakken dêr’t se sile ûnfeilich. Mei safolle skûtsjes en al dy bemanningen binne der in soad minsken op ‘e lap. In skûtsje hat sa’n 15 bemanningsleden plus oanhang en bern en de measte IFKS’ers hâlde wol fan in feestje.
SKS’ers binne faak wat serieuzer, teminsten dat wurdt der sein. Wêrom’t dat sa is, wit ik net mar it kin my eins ek neat skele. Ik gean sels ek net mear alle feesten ôf mar it slotfeest wol ik foar gjin goud misse! Al is it allinnich mar om nei de manlju te sjen dy’t yn ‘e heale hinnen om haffelje as hiene se wiken gjin iten hân. Dat fyn ’k moai, dat binne echte keardels. Foaral as se dan mei de ûnderearm it fet ek noch efkes fan it kin feie.
Justerjûn wie in prachtige jûn mei folle moanne. Wy lizze yn Starum en om ús hinne leit in bûnt ferskaat oan boaten mei minsken dy’t oan dek sieten en bemanningen sochten elkoar op om de lêste dingen troch te praten. De jûns foar de earste wedstriid hinget der in bepaalde spanning yn ‘e loft dêr’t myn Fryske bloed fan brûzet.
En dan is it safier! De bemanning nei it iten op wei nei Hylpen en wy der achteroan yn ‘e auto. We sykje in plakje op ‘e dyk dêr’t al mear fans en famylje sitte en dan… dan bart der hielendal neat omdat der gjin wyn is. Myn Fryske bloed en moed sakje my folslein yn ‘e skuon want in tryster gesicht is der net. It bloed heart op dizze dyk te sieden! Meastal is it sa spannend dat ik it net mear oansjen kin en dan rin ik der by wei.
In skûtsje sûnder wyn yn ‘e seilen is itselde as in heale hin mei mes en foarke ite. Dochs gong de wedstryd troch en dobberen de skippen op it wetter om, op syk nei in suchtsje wyn. It fûn it in silerij fan neat en hoopje fan herte dat der moandei mear wyn is!

De kollum fan 31 july: "Happy skûtsje"

    Skûtsjesile is machtich moai! It is in fantastyske ûnderfining om oan de wedstriden mei te dwaan en oer it wetter te fleanen. Mar wat ik ek hiel nijsgjirrich fyn, is de ynfloed oft sa’n skip ha kin op in minske. Troud mei in skipper, wit ik wat sa’n skûtsje mei je dwaan kin. Soms is se mei de pink te bestjoeren mar de oare kear is der gjin lân mei te besilen. En dêr lizze dy skippers wekker fan. Der wurdt fan alles oan dien om derfoar te soargjen dat se sa hurd mooglik giet. Nije seilen, fervesystemen foar it flak en dan noch wol se betiden net oanspringe of heech genôch oan ‘e wyn.

    De skipper rint frustrearre oer de lûken om te oerlizzen mei de fokkenist. Wêrom rint se net sa goed as oars? Mar it skûtsje jout krekt antwurd as de skipper en bemanning sels de goede koers útstippelje. Dogge se dat net, dan bliuwt se in mystearje. Om winne te kinnen moatte je yn in bepaalde flow sitte, mar dat komt je net oanwaaien. It hat alles te krijen mei de goede tarieding en goed materiaal mar ek mei de ûnderlinge ferhâldingen oan board. De enerzjy wêrmei’t de skipper en bemanning harren taak útfiere, is sa bepalend. It skûtsje moat de romte krije om sile te kinnen. As se de skoaten te ticht sile, dan lûkst it skip dea.

    Doe’t se noch sylden mei breidene ûnderbroeken en blomkejurken oan wiene de skûtsjes lytser en stie der folle minder túch op. It wiene net fan dy raceboaten sa as no mar doe hawwe se der grif ek al wekker fan lein en dat sil sil generaasjes nei ús noch sa wêze. Minsken ferdwine en feroarje troch de tiid hinne mar in skûtsje bliuwt in skûtsje. Ik tink ek dat net eltse skipper op elts skûtsje sile kin. As it net klikt, wurdt it neat en sa besjoen is it krekt in echte relaasje.

    De kampioenen sille jûn yn in hearlike flow nei de priisútriking gean wylst oaren drekt wol troch kinne nei de relaasjeterapeut. Happy wife, happy live … happy skipper, happy skûtsje. Nei twa spannende wiken wol ik Dirk Jan Reyinga en syn bemanning fan herte lokwinskje en dan kinne we moarn einlings sels los!

    De kollum fan 30 july: "Emosjenele stoarm"

      De simmer yn Fryslân hat ús de ôfrûne wike al wer efkes mei de noas op ‘e feiten drukt. We miene betiden wol dat we alles yn ‘e hân hawwe mar dat is fansels net sa. Ik fyn it wol in goede saak dat de natoer ús sa na no en dan ris flink wekker skoddet. Sa wie ik ûnderweis nei Starum om myn kollem yn te sprekken en it silen wie ôflast. Mar doe’t ik dêr kaam wie it prachtich waar.

      Ik ha der miskien in oerke west mar doe’t ik wer nei de auto rûn, begûn it flink te waaien. De wyn helle hieltyd mear oan en goaide it deistige libben folslein oer de kop. Terrasstuollen fleagen troch de loft, beammen waaiden om, in hynder wie út it lân brutsen en de rein die gewoan sear oan myn hûd.
      Utsjitters fan wynkrêft tsien! Hege weagen op ‘e mar, plysjes op ‘e dyk en op it nijs seine se dat it de swierste simmerstoarm wie sûnt 100 jier. En de dagen dêrnei wie it net folle better mei al dat wetter.

      Doe betocht ik my ynienen dat de hormoanehúshâlding fan in frou krekt sa’n ferrin hat. As it treft berint de loft fan it iene op it oare momint en de emoasjes stoarmje tro
      ch it liif. As in wyld hynder maaie je it leafste alles del wat je foar de bonken komt en in útsjitter fan wynkrêft tsien is der neat by. Triennen as hoasbuien en it betsjut mar ien ding: Koade read!

      Ik tink dat de measte manlju leaver te silen gean mei in stoarm dan dat se yn ‘e buert binne by in frou dy’t sa hinne en wer is as de wyn. Dêr kinne se mar min mei omgean want dy natoer is harren frjemd. Stel no dat je in skipper binne en je frou sit krekt yn ‘e minne wike… It silen is miskien wol ôflast, hy mei net yn ‘e folchboat komme omdat se de flier krekt dweile hat en hy moat himsels mar fermeitsje yn it achterûnder.

      De earme siel, je soene der suver hast begrutsjen mei krije. En dan ynienen brekt de sinne troch en klearret de loft wer op. Froulju en it waar … it bliuwt in wûnder der natoer mar in bytsje skipper rêdt him dermei!

      De kollum fan 28 july: ''Boppeslach"

      • De skûtsjekollum fan 28 july

      Yn ús gefal hat it keatsen alles mei it skûtsjesilen te krijen. Wy hawwe trije jonges en ien famke. Dêr siet in moai partoer tusken en ik hie de dream dat ien fan ús jonges noch wolris de PC keatse soe. Wy komme beide út in keatshoeke en yn ús famylje sitte sa no en dan ek hiele goede keatsers. It keatsfjild hat in grutte stimpel op myn jeugd drukt en dan yn positve sin.

      Ik gong alle jierren mei ús heit nei de PC. Doe diene der ek in soad keatsers mei dy’t ik koe. Sake Porte, Piet Jetze Faber, Eelke Idsardi, Tjerk de Groot, om mar in pear te neamen. Dat makke it altyd hiel spannend om der nei te sjen. Ik keatste gewoan yn Alde Leie of Froubuorren mar wat wie it altyd gesellich en wat ha ‘k in wille hân.

      Dus doe’t ús bern op keatsen koene, giene wy nei Wergea, want yn Warten keatse se net. Dat wie gjin súkses. Keatse wie echt sa dom! En no kinne jo wol oan in dead hynder lûken bliuwe mar dan begjint it allinnich mar mear te stjonken. De keatskarriêre is dus neat wurden en doe skeat it skûtsjesilen my yn’t sin.

      Ik fûn it silen altyd prachtich, mar doe’t de bern lyts wiene, ferkochten wy ús earste skûtsje. No’t de bern grutter waarden en wy dochs net alle wykeinen lâns de line hoegden te sitten, oppere ik dat we dan miskien wol wer sile koene. Dan krigen de bern dochs noch wat mei fan in Fryske tradysje.

      Sa sein, sa dien en no sile we al wer njoggen jier mei De Jonge Jan by de IFKS. Trije fan ús bern binne bemanningslid wurden, dochs in soarte fan partoer en ús skoansoan ek. Se fine it allegear machtich en sa hâlde we in moaie tradysje yn eare.

      Sa besjoen hat it beslút om it skûtsjesilen wer op te pakken in boppeslach west. Dochs fyn ik it noch altyd wol in bytsje skande dat it mei it keatsen neat wurden is. Mar moarn sil neef Enno Kingma al meidwaan oan de PC en by dizze wol ik him en syn partoer in hiel soad súkses tawinskje!

      De kollum fan 27 july: "Seeknyn"

      • De skûtsjekollum fan 27 july

      Hjoed sil ik in sterk ferhaal fertelle oer in knyn dat mei wie te skûtsjesilen. Ik fûn him yn ‘e bykeuken, oprôle yn in hoekje tusken de skuon. Grif meinommen troch ien fan ús katten dy’t earst altyd efkes mei de proai boartsje wolle foardat se him opfrette. We hawwe goed op him past. It wie in wyld knyn fan de jachthaven en it falt net ta om dy nuet te krijen, mar it slagge goed. Doe’t er ien kear by de klup hearde, bleaune de oare bisten fan him ôf en lei er neist de kat op ‘e stoel te sliepen.

      Doe moasten wy skûtsjesile. Us mem past dan altyd op de oare bisten, mar de knyn moast mei op ‘e boat. Ik leau dat er Snuffie hjitte. It wie in prachtich swart knyntsje en we hiene him altyd los yn ‘e boat. Hy friet wol alles stikken, mar fierder gong it sa bêst as wat. De bern wiene wiis mei him en hy koe eins ek net yn in koai. Dêr waard er hiel ûngelokkich fan.

      Doe’t wy op ‘e Iselmar by de pier leine, waaide it nochal hurd. Wy sieten op ‘e folchboat en ik moast efkes nei ús eigen tsjalk ta. Dêr trof ik Snuffie oan, mear dea as libjend en de moed sakke my yn ‘e skuon. De bern wiene altyd al sa fertrietlik as it silen ôfrûn wie, en as dy knyn dan ek noch deagean soe, dan wie it hielendal feest. We hawwe earder kninen hân en as it treft, wippe se samar om.

      Ik stie mei de knyn op ‘e earm yn ús boat dy’t allemachtich lei te skommeljen op leger wâl en al gau fielde ik my net sa lekker. Doe gong der in ljochtsje brânen en ik haw de knyn meinommen nei de folchboat. Dêr ha ’k him op de tafel setten en doe kaam der stadich oan wer libben yn. It earme bist wie seesiik en fansels sa beroerd as in kat. De folchboat leit reedlik stabyl en hy knapte lokkich gau op.

      Nei it silen is er nei goed oerlis mei de bern nei ien fan ús bemanningsleden ta gien, want sy hiene in grutte ren yn ‘e tún. Mar dêr is er ek út ûntsnapt. Hy sil wol tocht hawwe: ‘Ik gean noait wer mei op sa’n rotboat.’

      De kollum fan 25 july: "Seks yn it achterûnder"

      • De skûtsjekollum fan 25 july

      Dêr is it hjoed krekt waar foar mar ik wol earst graach wat oars fertelle:
      Wy hawwe ek in jier meidien oan de SKS. Doe wie Jelle bemanningslid op it Jouster skûtsje. Dat is alwer sa’n 15 jier lyn en earlik sein, fûn ik twa wiken te lang. Ien wike sile is foar my genôch. Net om it ien oft oar mar op it lêst ha ik ek wol wer myn nocht.

      By de SKS hiene se dy grutte binnenfeartskippen doe al mei as folchboat. Dat hiene wy yn it ferline by de IFKS net. Doe’t wy noch sylden mei de Zeldenrust, sliepten we gewoan yn it skûtsje. Jelle en ik yn it achterûnder en de bemanning op in matras yn it rom of op de bank yn de roef. Mei moai waar sliepten we oan dek. We hiene earst ek net iens in wc en iten siede diene we yn it roefke op in gasfornuis. Alle dagen hiene twa minsken korvee en dy moasten de boadskippen helje, foar it iten soargje en wa’t de dei dêrnei korvee hiene, moasten ôfwaskje. De pannen waarden omspielt yn ‘e sleat om se dêrnei bûtendoar ôf te waskjen. Yn prinsipe wurke dat wol mar doe’t we it earste folchboatsje hierden mei in keuken, wie dat ek wol noflik.

      De folchboaten binne hieltyd grutter wurden en faak hawwe de bemanningsleden sels ek in boat. Us folchboat de ‘Ouwe Piet’ hat in dûs, sliephutten, trije wc’s, in knappe keuken en it jûnsiten komt fan de catering. Om seis oere wurdt it iten brocht yn grutte warmhâldbakken en it smoarge guod nimme se dan wer mei. Ideaal!

      Sa besjoen is der dus hiel wat feroare. Ik fyn dizze lúkse hiel fijn mar as ik wer yn it skûtsje sliepe moast wie dat ek gjin probleem. It achterûnder is in smûk plakje en hiel romantysk. En no sitte jimme fansels allegear mei spanning te wachtsjen op de seks yn it achterûnder. As jimme graach witte wolle hoe’t dat der om en ta giet, moatte jimme myn nije boek ‘Wyn fan feroaring’ mar lêze. Dat binne ferhaaltsjes foar it sliepen gean en net foar it jûnsiten. Der binne grinzen, sels by de omrop.

      It iennige dat ik as oprjochte Fries sizze kin, is: Bûter, brea en griene tsiis, nei de seks sit myn hier yn ‘e tiis.

      De kollum fan 24 july: "Skûtsjemem"

      • De skûtsjekollum fan 24 july

      It falt net altyd ta om derfoar te soargjen dat je goede bedoelings yn goede ierde falle by it manlik geslacht. Nim no bygelyks ien fan ús soannen dy’t peiler is. Ik sis altyd dat er droege klean meinimme moat, as se te silen gean. Sa moasten se in kear sile yn Earnewâld en doe’t se fanút Warten ôfsetten, wie it prachtich waar. Droege klean? Pfft! Dy mem ek altyd te seuren.

      Letter op ‘e middei gong de tillefoan. Oft mem ek asjebleaft efkes droege klean bringe woe, want hy wie ferklomme. Ik hie it ek net dwaan kinnen, mar it bliuwt dochs je soan, hin? It ôfrûne wykein gong er nei De Feanhoop en hy soe dêr sliepen bliuwe. Ik sei dat er skjinne klean meinimme moast, mar dat wie wol sa dom. Ik haw him nochal mei muoite in T-shirt yn ‘e bûse triuwe kinnen.

      Nachts om healwei trijen gong de tillefoan. Oft mem him ek helje koe, want it rûn allegear oars. Ik hie it ek net dwaan kinnen, mar it reinde en ik woe ek net dat er op ‘e dyk omswalke. Hy sei yn ‘e auto noch wol dat it in goed idee wie om noch in T-shirt mei te nimmen, want dat oare wie neat fan oer.

      Lêsten wie ik efkes mei doe’t se oan it oefenjen wiene op ‘e Snitsermar. De peiler (dizze kear net ien fan ús) hie gjin swimfest oan en dêr hie ik al in opmerking oer makke. In seilbroek oan mei wurkleazen en de boksen tichttaped mei duckttape. Doe’t se de fokkeloet derút helje soene, gong dat net hielendal goed en hy waard yn it wetter lansearre. Lokkich bleau er tichtby it skûtsje en koene se him der mei muoite út fiskje. Ik wie der aardich fan skrokken, mar se snapten net wêr’t ik my sa drok om makke.
      Dy jonge hat ek in mem en it wie mar goed dat sy der net by wie. Oars hie er in skop ûnder syn wiete kont krigen.

      Wat is dat dochs mei dy manlju? Wy sizze sokke dingen net om ferfelend te wêzen, mar omdat we wiis mei jimme binne. Dus lústerje no mar gewoan nei mem, dan komt it altyd goed.

      De kollum fan 23 july: "Simmergoarre"

      • De Skûtsjekollum fan 23 july

      "It skûtsjesilen hat ek in hiele oare kant as de prachtige bylden fan skûtsjes dy't oer it wetter fleane. Der is nammentlik ek in kant dy’t net altyd like smaaklik is, mar dy’t der wol by heart. Je hawwe as minsk net alles yn ‘e hân. Hokker broek je oandogge of hokker koers je sile, kinne je sels bepale mar as de senuwen de kop opstekke dan kin dat hiel ferfelend wêze.

      Der binne ferhalen fan skippers dy’t sa senuwêftich binne foar it silen dat se der fan koarje moatte. Of se hawwe in puts foaryn it skûtsje stean dêr’t se hinne flechtsje kinne as it harren hast tin troch de boksen rint. En no’t ik dochs alle inn’s en out’s fertel dan kin ik it ek noch wol efkes oer de simmergoarre ha.

      Fan it wurd allinnich al kin ik wol oer de nekke gean! Yn dy njoggen jier dat wy no sile, hawwe wy it in kear as trije meimakke. De iene kear is it slimmer as de oare kear, mar de lêste wie heftich. Ien fan de bern begûn de sneins al te spuien en dêrnei hawwe wy de hiele wike alle dagen siken hân.

      Soks giet as in rinnend fjoer dat soarget foar hege koarts, spuierij en skiterij. Jo binne ien of twa dagen goed siik en dat is op in boat net echt handich. It is folle lytser as thús en je hawwe in stik minder privacy. De muorren binne mar tin en je binne net bepaald op je foardieligst. En as de bern op in steapelbêd fan boppe nei ûnderen lizze te spuien yn sa’n hut dan sit it oant plafon ta.

      Sa hat Jelle doe mei koarts in wedstriid by Heech syld en siet dyselde wike immen op it achterdek te koarjen op it Iselmar by De Lemmer. Ik ha it doe lokkich net krigen, mar die oars net as waskje, wc’s skjinmeitsje en doarkrukken ôfnimme. It is echt ien fan de ferfelendste dingen dy’t je oerkomme kin sa’n wike.

      As ik hear dat de simmergoarre op besite is by oare skûtsjes dan bliuw ik út ‘e buert en ik hoopje fan herte dat se ús dit jier wer oerslacht. Foar aanst lekker ite en oant moarn."

      De kollum fan 22 july: Stive Friezen en sloppe lullen

      • De kollum fan 22 july

      "Guon lju prate oars oer it silen as de skûtsjesilers. Dy minsken prate yn echte skipstermen en hawwe it oer ‘mijlen en knopen’. Se prestearje it om in skûtsje in 'scheepje' te neamen en smite sa'n kapusjontoutsje nei dy ta as se oanlizze wolle. De lus hâlde se sels beet en fatsoenlik in tou trochhelje kinne se net.

      Ik ha se yn it ferline gauris meimakke doe't wy noch in soad tochtjes mei gasten dienen. Freeslike lju dy't altyd fregen: ‘Hoeveel knopen zeilt zo’n scheepje?’ en se hiene sels altyd in ‘scherp jacht’ dus fansels koene se sile. Doe't we werris in groep fan dy pipo's hienen, woe ien fan dy swetsers by de fok. Hy krige fuortendaliks it blok tsjin ‘e kop. Doe hie er net sa folle praatsjes mear.

      We hawwe der ek ris in keardel by hân dy't sa allemachtich ferfelend wie! Hy bemuoide him oeral mei, gong op 'e lûken stean en seach wakker ynterressant omheech, nei it seil. Hy sei in hiel skoft neat en doe't we úteinlik dochs mar fregen wat er wie, sei er dat it túch der net goed opstie. Mar ja, wat moatte je. It binne gasten en je kinne se ek net samar oer board goaie. Dus ‘Doe wel en speel het spel’ en besykje der dochs in moaie dei fan te meitsjen. Lokkich wie dat meastal ek sa.

      It moaie fan sokke dagen wie dat se oan board gjin pakken oanhienen en dêrtroch minder status ústrieljen. Mar yn al dy jierren dat ik by it silen belutsen bin, haw ik lokkich noch noait in skûtsjeskipper heard mei sok ûnnoazel praat. Betiden tink ik wolris dat se leaver hielendal net prate en it leafste allinnich mar sile. Dat is echt in weazentlik ferskil mei de lju dy ’t allegear sterke ferhalen ophingje mar úteinlik neat witte. Sokken bedarje op leger wâl en kinne net in fatsoenlike knoop lizze.

      Bûtensteanders fine de Friezen wol gauris stiif. Dat fûnen se doe ek wolris fan myn skipper. Mar dat hinderet hielendal neat want in stive Fries is teminsten gjin sloppe lul."

      De kollum fan 21 july: "Aventoerlike thúsbliuwers"

      • De Skûtsjekollum fan 21 july

      "Hjoed sile de skûtsjes by Earnewâld. Takom jier wer en wierskynlik oer 50 jier noch. Der sille hjir en dêr oare minsken meigean, mar fierder bliuwt alles sa’n bytsje gelyk. It lisplak, it moarnsiten, kofje op ‘e tiid en lêst fan ‘e terms omdat it ritme en it iten dochs krekt wat oars binne as thús. Hoe aventoerlik binne skûtsjesilers eins? Like aventoerlik as de minsken dy’t alle jierren nei deselde camping yn Spanje gean dêr’t se Nederlânsk prate en je kroketten krije kinne? De kofferbak fol Unox en alle jûnen foar RTL.

      Ik tink al dat skûtsjesilers krekt wat mear fjoer yn it liif hawwe . It silen komt der op oan, hielendal as it hurd waait en dy sûperij hâldt ek wat yn. De froulju dy’t net meisile hawwe ynienen in gesin fan tusken de 20 en 30 persoanen mar se witte krekt yn hokker plak se de lekkerste broadsjes krije kinne en bôle fan in oare bakker is al hiel wat foar minsken sa as ik.

      Mar goed… hjoed dus Earnewâld en moarn troch nei Terherne. Alle jierren itselde rûntsje en hiele folksstammen farre der achteroan en fine it machtich moai… ik ek. Wy sile dan wol by de IFKS mar dat is ek alle jierren gelyk. Wat makket it no sa oantreklik om dat jier yn, jier út te dwaan? Ik kin net foar in oar prate mar foar my betsjut it dat jo werom gean nei in bepaalde basis.

      As jo farre, dan binne jo mear bûten en de natoer is oeral like moai. Foaral jûns as de sinne ûndergiet. Dan is it sa fredich en der is amper ôflieding fan kompjûters en televyzjes. De bining mei it heitelân is op sokke mominten hiel sterk. Je hearre gjin ferkear oer de dyk razen en fan plak nei plak farre kostet mear tiid as efkes gau de auto krije. It is minder hektysk op it wetter dus kinne jo gau wat doelleas om jo hinne sjen en oeral dêr’t jo komme is it sfearfol en gesellich mei jo eigen klupke minsken. It ferfeelt noait.

      Der is net in strân sa moai is as it strantsje fan Starum, mar ik tink al dat wy fan’t jier ris wat oars ha moatte as gehakballen. Wy moatte mar ris wat aventoerje, sadat we ek in kear wat nijs belibje."

      De kollum fan 20 july: "In deeglik feest"

      • De Skûtsjekollum fan 20 july

      "Yn ús provinsje wenje in soad deeglike minsken. Dy sjogge trou alle jûnen nei it skûtsjesjoernaal en de bleek is netsjes meand. It praat giet meastal fan: ‘Hast dit al heard, hast dat al heard?’ En sa komme we mei elkoar hiel wat te witten. Sa hearde ik dus dat der hieltyd minder tastien is by it Feanhoop festival. Hege boargen, net mear sokke lûde muzyk en T-shirts kapot skuorre mocht ek al net mear. Ik kom der eins noait wylst it wol echt by it skûtsjesilen heart mar nei dizze ferhalen wie ik dochs wol benijd.

      Ik rûn justerjûn tsjin achten oer it festivalterrein en doe’t ik by de feestinte kaam, wist ik net wat ik seach! De tinte wie oan ‘e harses ta fol en it wie ien grut feest. It bier fleach alle kanten út, T-shirts wiene kapot skuord sadat de measte mannen yn ‘e bleate bealch runen en hjir en dêr in frommes yn in bh. De mienigte lake, dûnse, hie wille en de muzyk wie fantastysk èn lûd.

      Op ‘e dûnsflier stie in stel en se diene in soarte fan pearingsdûns. Hy wie heal neaken en like net âlder as 30, sy hie de klean doe noch oan en ik skatte har âlder as 40. Hy tilde har op, draaide mei har yn it rûn en se skattere it út. Foar my alwer in bewiis dat de simmer yn Fryslân jong en âld ferbynt. Ik ha net de yndruk krigen dat de regels no sa strang wiene en ha genoaten fan al dy idioaten. It iennichste kommentaar dat ik heard ha, wie dat der fierste min tapperij wie.

      En ik ha se sjoen… de trouwe skûtsjesjoernaalsjoggers! Midden yn it feest en hielendal los. Doe betocht ik my dat sa’n festival noait ferdwine mei. Wat der wier is fan dy praatsjes wit ik dus net mar dat it in deeglik feest is, ha ik mei eigen eagen sjoen. Soks moat sa no en dan gebeure sadat we dêrnei wer mei oerjêfte de bleek meane kinne."

      De kollum fan 18 july: "Ferbining"

      • De Skûtsjekollum fan 18 july

      "Wite hortinsjes, hunen mei swimfesten, hurde wyn en muzyk op it wetter. In âlde bakdekker, in ponton mei jeugd, 2 euro 30 foar ien bakje tee en in ferrassend leuk petear mei in man dy’t eartiids op ‘De Jonge Jan’ syld hat. De klokken fan de tsjerketoer liede wylst ik wachtsje op in boat fan de Omrop. In Fryske flagge wapperet boppe de beammen en in bjusterbaarlik moaie antike boat mei de namme ‘Simmerdream’ fart foarby. Tapasliker kin it net wurde want de earste dei fan de SKS is in dream fan in dei.

      Alle yngrediïnten binne oanwêzich foar in spektakulêre silerij. Ik bin yn gastfrij Grou mei útsicht op ‘e mar en de skûtsjes binne oan it oefenjen. Ik freegje my ôf oft de skippers en de bemanning ek senuwêftich binne want sa’n earste dei liket my hiel spesjaal. De Heale Moanne sylt lâns it terras mei de Súdwesthoeke der achteroan. Se litte it túch sakje en in rubberboatsje mei jonge jonges drukt de skûtsjes foarút. Ik kin eins hast wol riede hoe’t se har fiele en krij suver lêst fan plakferfangende senuwen.

      Soe it ek stil west ha ûnder it middeisiten? Moasten se dêrnei ek allegear nei de pot om te skiten? Mei sa’n wyn en safolle taskôgers binne alle eagen op har rjochte en it momint dat de skûtsjes yn de sleep de mar opfarre, bliuwt bysûnder en ymposant. Se draaie it túch omheech en sykje in plak op de mar, omearme troch allerhanne boaten mei minsken oan dek dy’t benijd binne hoe’t it gean sil en wa’t it wint.

      Ik fiel mysels in taskôger yn in libjend skilderij en besjoch hjoed de wrâld mei in rôze bril. Jong en âld genietet en hat wille op it wetter. De boaten om my hinne lizze allegear oan elkoar fêst sadat we op in bepaalde manier ferbûn binne mei elkoar sûnder dat wy mei de buorlju hoege te praten.

      Fryslân hat ús traktearre op in prachtige dei. Ik hoopje fan herte dat se dat de kommende trije wiken faker dwaan sil."

      (advertinsje)