Simmerprizen

Dizze simmer is it in échte simmer yn Fryslân. Op de radio makkest dizze Simmer yn Fryslân kâns op prachtige prizen op it Simmer yn Fryslân simmerwizer prizerêd.

Yn de programma's Muzyk yn bedriuw, De middei fan Fryslân, Weistra op wei en yn Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân, sil it rêd yn 'e rûnte draaie. Neist bygelyks it Simmer yn Fryslân luchtbêd of barbecueset jout Omrop Fryslân ek útstapkes yn eigen provinsje fuort. Hoe moai Fryslân is kinst op dy wize sels útfine. Harkje, doch mei en meitsje kâns op moaie simmerske prizen en útstapkes.

Simmer yn Fryslân gadget

Wat is no in Simmer yn Fryslân sûnder spesjale gadget? Ek dit jier hat Omrop Fryslân wer ien om fuort te jaan, nammentlik in bysûndere pet! De Simmer yn Fryslân pet is makke fan PET-flessen, wat de priis dus hiel duorsum makket. De pet kinst dit jier mar op ien manier winne en dat is troch mei te dwaan oan de spultsjes op radio.

(advertinsje)