Promoteam

Hy is krekt wat oars as dy fan ferline jier, mar dêrom net minder blits: de simmerbril fan Omrop Fryslân. De ultime gadzjet om te shinen dizze simmer. Skoarsto him op ien fan de eveneminten yn Fryslân dêr't it promoasjeteam fan Omrop Fryslân by is? Want de simmer is foar Omrop Fryslân by útstek it momint om der op út te wêzen, op lokaasje út te stjoeren en it publyk te moetsjen. Ek dizze simmer sit Omrop Fryslân dêrom boppe-op alles wat der yn de provinsje bart. Wy binne benijd wêr't en wannear't wy dy treffe!

Dizze simmer fynsto ús hjir:
Profronde Surhústerfean            Tiisdei 31 july
PC Frentsjer                               Woansdei 1 augustus
SKS Grou                                   Sneon 4 augustus
Sneekweek                                 Sneon 4 augustus
Feanhoop festival                       Snein 5 augustus
FK Fierljeppen                             Sneon 11 augustus
De reuzen van Royal de Luxe     Sneon 18 augustus
Glemmer Beach Festival             Snein 2 septimber
Admiraliteitsdagen                       Sneon 8 septimber
 

(advertinsje)