Yntroduksje

Elkenien kin hurdrinne!

It gemak wêrmei hurdrinne beoefene wurde kin, makket de sport ekstra oantreklik. Rinskuon oan en hup, fuort bist. Ik moat earlik wêze; der komt mear by sjen foar datst dyn earste 5 km rinst. En ik bin der wis fan dat foar of by de earste meters der hiel wat fragen by dy opkomme. Moat ik begjinne mei kuierjen of fuort hurdrinne en hoelang? Moat ik tuskentroch ek kuierje. En as ik it hurdrinnen wer oppakke wol, moat ik dan ek wer by nul begjinne? Ik sil probearje om yn dizze 13 wiken op safolle mooglik fragen antwurden te jaan.

Kin elkenien hurdrinne?
Yn prinsipe wol, mar bist net wis fan dyn sûnens dan is it ferstannich om efkes mei dyn húsdokter te oerlizzen. Ek binne der tal fan plakken yn Fryslân dêr’st in sporttest dwaan kinst.

Stel dysels in doel. Dat wurket. En dat doel is der; 5 km op de 'Simmer yn Fryslân-loop' op 13 septimber. Wês dy der wol bewust fan, dat dit hiel rêstich opboud wurde moat.

Begjinnende hurdrinners kinst sjen as kij dy’t nei de winter foar it earst wer de greide yn meie. Se wolle hiel entûsjast begjinne en dêr is fansels neat mis mei, mar dit moat net liede ta oerbelêsting en blessueres. Nim dêrom de tiid foar it trainingsprogramma en bou dyn kondysje stap foar stap op.

Keapje goeie hurdrinskuon! En net op oare (sport)skuon rinne! Alle hobbys kostje jild, mar goeie hurdrinskuon binne fan grut belang en helpe om blessueres foar te kommen. Rin binnen by de hurdrinspesjaalsaak. Dy ha de kennis om dy in pear goeie skuon oan te mjitten.

Jaring de Groot

(advertinsje)

Podcast yntroduksje

  • Fit mei Femke: yntroduksje

Foardat wy begjinne even in yntroduksje fan Fit mei Femke. Harkje dêrfoar nei ûndersteande podcast.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Download de yntroduksje-podcast fan Fit mei Femke.

Passive oefening

Even kennismeitsje mei Jaring de Groot

Myn namme is Jaring de Groot en yn it deistige libben bin ik buroredakteur foar it nijs by Omrop Fryslân. Njonken de passy foar myn wurk ha ik ek in grutte passy foar it hurdrinnen. As 18-jierrige begûn mei draven nei't ik opholden wie mei fuotbaljen. It begûn mei in rûntsje Burgum, mar al gau waard it mear. Ik rekke ynteressearre yn de wedstriidsport. Mar njonken sels rinne krige ik hieltyd faker de fraach wat der no sa moai wie oan hurdrinne en hoe je dat leare koene.

Fan 1997 ôf ha ik my – tegearre mei myn frou – ferdjippe yn kuierjen en hurdrinne. We ha 12,5 jier in eigen loopclub hân en yn dy perioade in hiel soad begjinnend hurdrinners op in paad holpen. It jout altyd wer enerzjy as je minsken oan it hurdrinnen krije. Foaral as se yn it foar sizze dat it nei alle gedachten neat wurde sil. Dan wurdt de útdaging noch grutter.

En no krij ik de gelegenheid om presintatrise Femke de Walle nei it doel fan 5 km te bringen en ik hoopje mei it spesjale ‘Fit mei Femke’ podcast programma noch in hiel soad minsken mear. En dan sjoch ik jimme op 13 septimber oan de start fan de 5 km loop yn Burgum. Doch mei!!

Even kennismeitsje mei Femke de Walle

Ik bin Femke de Walle, 32 jier, troud en mem fan in twaling (in jonkje en in famke) fan hast 3 jier. Ik wenje sûnt fjouwer jier op ‘e Gordyk. Dêr lizze myn roots net, hear, want ik bin grutbrocht yn Feanwâlden; in Wâldpykje dus. Ik wurkje alwer 9 jier by Omrop Fryslân. Ik bin begûn as ferslachjouwer by de nijsredaksje. Dêrnei haw ik Omrop Fryslân Aktueel presintearre op de radio en Klipkar+ op televyzje. Sûnt in pear moanne wurkje ik foar it programma Geert yn ‘e Middei as presintator. Dêrneist bin ik muzikant; ik spylje en sjong yn de band fan myn suske, sjongeres Elske DeWall, en doch sa no en dan backing vocals by oare artysten.

Doe’t ik dizze maitiid frege waard om it gesicht te wurden fan in nije sportkampanje by Omrop Fryslân hoegde ik gjin tel nei te tinken. Foardat ik mem waard sporte ik best wol in soad: ik gie geregeld nei de sportskoalle en ha sels noch in blauwe moandei draafd. Mar sûnt ik mem bin fan in ttwalingkom ik der gewoan net oan ta. Ik rop al sûnt se der binne: “ik moat nedich wer wat oan sport dwaan”. Mar it slagge my mar net om te begjinnen. En hoe langer ik wachte, hoe heger dy drompel waard. Der wie altyd wol in goed ekskús: gjin tiid, te drok, gjin nocht, te wurch... kenst it miskien wol. Troch Fit Mei Femke waard ik min of mear twongen om te begjinnen. As je it gesicht wurde fan sa’n kampanje dan moatte je sels ek oan ‘e bak fansels. Om my alfêst wat ta te rieden op Fit Mei Femke bin ik yn april begûn mei draven en ik moat sizze: al dy ekskuzen slaan earne op! Want it docht bliken dat ik wól tiid ha, dat ik nettsjinsteande myn drokke wike dochs tiid frij meitsje kin om in rûntsje te draven, dat ik nocht meitsje kin en dat ik júst enerzjy krij om’t ik no mear beweech. Ik draaf no twa oant trije kear yn ‘e wike en it slagget my alle wiken wer om dy trainingen yn te plannen.

Mochtest dus twivelje en dyselde ‘ekskuzen’ ha dy’t ik krekt neamde: doch ris gek en besykje it gewoan. Hoe ‘cool’ soe it wêze dat wy – dy’t altyd roppe dat we it sa drok ha – op 13 septimber mei-inoar dy 5 kilometer drave? Ik daagje dy by dizze út: doch mei en stean fersteld fan dysels. As ik it kin, kinsto it hielendal!

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    (advertinsje)