Wike 9

Trainingen wike 9

Training 1 8 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Training 2 25 minuten hurdrinne Training 3 1, 6, 2, 4, 5, 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje
(advertinsje)

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    Podcast wike 9

    • Fit mei Femke: wike 9 - training 1
    • Fit mei Femke: wike 9 - training 2
    • Fit mei Femke: wike 9 - training 3

    De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 9 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
    Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
    Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
    Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Podcasts wike 9 mei muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 9 - training 1 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 9 - training 2 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 9 - training 3 - mei muzyk'

    Podcasts wike 9 sûnder muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 9 - training 1 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 9 - training 2 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 9 - training 3 - sûnder muzyk'

    De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

    Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

    Coach Jaring de Groot oer hurdringadgets

    It hurdrinnen is troch de jierren bot feroare. En dan wurdt foaral ek doeld op de groeimerk wat de kommersy oanbelanget. Sjoch mar ris yn in hurdrinspesjaalsaak. Dêr binne net allinnich hurdrinskuon en hurdrinklean te krijen, mar de saak hinget ek fol mei allegear assessoires. Fan horloazjes mei alles der op en der oan oant spesjale rêchpûden mei bygelyks twa liter wetter deryn foar de lange ôfstannen. En fia ynternet, de sosjale media en ferskate apps binne tal fan programma, logboeken ensaf. te finen.

    Omrop Fryslân docht dêr no ek oan mei mei de searje podcasts foar ‘Fit mei Femke’ Sjoch mar ris op ynternet nei wat der allegear te krijen is of rin de hurdinspesjaalsaak binnen.

    Jaring de Groot

    (advertinsje)