Wike 7

Trainingen wike 7

Training 1 3 x 8 minuten hurdrinne, tuskentroch 1,5 minút kuierje Training 2 20 minuten hurdrinne Training 3 (opsjoniel) 4 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 1,5 minút kuierje De tredde training fan dizze wike is opsjoneel en is foaral bedoeld om even by te kommen. De lêste wiken ha wy in soad pittige trainingen hân, dêrom in koarte training fan 4 kear 2 minuten hurdrinne. It is ek mooglik om dizze training oer te slaan en wat ekstra rêst te nimmen. Dochst de training wol, besykje dan de 2 minuten loopkjes yn in wat pittiger tempo te dwaan.
(advertinsje)

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    Podcast wike 7

    • Fit mei Femke: wike 7 - training 1
    • Fit mei Femke: wike 7 - training 2
    • Fit mei Femke: wike 7 - training 3

    De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 7 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
    Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
    Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
    Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Podcasts wike 7 mei muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 7 - training 1 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 7 - training 2 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 7 - training 3 - mei muzyk'

    Podcasts wike 7 sûnder muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 7 - training 1 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 7 - training 2 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 7 - training 3 - sûnder muzyk'

    De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

    Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

    Coach Jaring de Groot jout advys oer sykheljen

    Goed sykhelje, oftewol ademje, giet eins fansels. Dat dochst dyn hiel libben al! De trúk is om by ynspanning sa ûntspannen mooglik te sykheljen. Besykje dit by it hurdrinnen te hantearjen. As de spanning en de stress te heech wurdt, dan bestiet de kâns op hyperfentilaasje.

    Ast by de warming-up gewoan prate kinst is der neat oan de hân mei dyn sykheljen. Rekket it sykheljen wol wat yn war, besykje dan djip yn te ademjen en dêrnei folslein útademje om sa it natuerlike ritme wer werom te krijen.

    Wat ek noch kin is om twa stappen yn te ademjen en twa stappen út te ademjen. Mar dan moast net yn de war reitsje, omdat sykheljen no ien kear in automatisme is.

    Jaring de Groot

    Fit mei Femke vlog 4

    Ek Femke har training sjit der wolris by yn en dat krijt se dan dûbel werom...

    (advertinsje)