Wike 6

Trainingen wike 6

Training 1 10, 6, 4 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje (10 minuten) en 1,5 minút kuierje (6 en 4 minuten) Training 2 15 minuten hurdrinne Training 3 2 x 8 minuten en 1 x 5 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Wy binne no yn wike 6. Foar de begjinnende hurdrinner wurdt it no wol hiel dreech om op tiid fit te wêzen foar de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber. Mar hast al in aardige basiskondysje of rinst al wat langer, dan kinst noch wol ynstreame by 'Fit mei Femke'.
(advertinsje)

Podcast wike 6

  • Fit mei Femke: wike 6 - training 1
  • Fit mei Femke: wike 6 - training 2
  • Fit mei Femke: wike 6 - training 3

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 6 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

Podcasts wike 6 mei muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 1 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 2 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 3 - mei muzyk'

Podcasts wike 6 sûnder muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 3 - sûnder muzyk'

De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

Jaring de Groot: "Mei bûnzjend hert"

We rinne no in oantal wiken, mar hoe fluch moat ik eins rinne? Oant no ta is de regel om seker net te fluch te rinnen, sa datst dyn sykheljen ek noch ûnder kontrôle hast. We rinne yn in rêstich oant hiel rêstich tempo.

By it hurdrinnen binne twa hertslaggen fan grut belang. De rêsthertslach en de maksimale hertslach. De rêsthertslach kinst it bêste opnimme ast moarns noch op bêd leist. Doch dyn tomme by dyn pols en dan tel 15 sekonden it tal slaggen. Doch dat oantal kear fjouwer en dan hast dyn hertslach per minút. De hertslach moat dan tusken de 60 en 80 sitte. Hoe better de kondysje is hoe leger de rêsthertslach.

By ynspanning dochst itselde. Foar it berekkenjen fan dyn maksimale hertslach is in rekkenformule; 220 - dyn leeftiid (froulju mei krekt wat heger sitte mei 226) en dan noch ris 10 derôf. Mar wy traine foaral yn de lege hertslaggen. Dan moast toch wol tinke oan 220 minus de leeftiid en dan 40 oant 50 slaggen der noch ôf.

Om de hertslach te bepalen binne spesjale sporthorloazjes te krijen mei dêryn de registraasje fan dyn hertslach.

Jaring de Groot

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    (advertinsje)