Wike 5

Trainingen wike 5

Training 1 1, 2, 4, 6, 4, 2, 1 minut(en) hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Training 2 12,5 minuten hurdrinne Training 3 2 x 6 minuten en 1 x 5 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Wy binne no yn wike 5. Foar de begjinnende hurdrinner wurdt it no wol hiel dreech om op tiid fit te wêzen foar de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber. Mar hast al in aardige basiskondysje of rinst al wat langer, dan kinst noch wol ynstreame by 'Fit mei Femke'.
(advertinsje)

Podcasts wike 5

  • Fit mei Femke: wike 5 - training 1
  • Fit mei Femke: wike 5 - training 2
  • Fit mei Femke: wike 5 - training 3

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 5 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

Podcasts wike 5 mei muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 1 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 2 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 3 - mei muzyk'

Podcasts wike 5 sûnder muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 3 - sûnder muzyk'

De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer rinne yn de sinne

It waar is nei alle gedachten it ûnderwerp dêr't minsken it meast oer prate. Wat is no it bêste waar om yn te hurdrinnen? We sitte yn de simmer en de kâns op waarm waar by in training is best grut. Wat dochst no by waarm waar?

• Rin moarns of jûns, mar net oerdei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne.

• Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon of in spesjale hurdrindrinkflesse mei foar ûnderweis. En tink der foaral om om nei ôfrin genôch te drinken.

• Rin net boppe de 25 graden en doch it by waarm waar wat stadiger oan. Besykje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild dêr't de sinne folop skynt.

• Soargje datst dy goed ynsmarst mei sinnebrânoalje en draach as it kin in hurdrinpet en in sinnebril.

• Draach by it waarme waar klean dy’t goed ademje kinne, sadatst dyn waarmte goed kwyt kinst. En draach gjin donkere klean, want dat nimt de waarmte op.

• De hertslach sil 5 oant 15 slaggen heger wêze, omdat it bloed by waarm waar dikker is en it hert mear muoite hat om it rûn te pompen.

Jaring de Groot

Fit mei Femke vlog 3

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    (advertinsje)