Wike 4

Trainingen wike 4

Training 1 3 x 4 minuten hurdrinne, tuskentroch 1,5 minút kuierje Training 2 10 minuten hurdrinne Training 3 8 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 1,5 minút kuierje Wy binne no yn wike 4. Wolst no noch begjinne mei 'Fit mei Femke', dan kin dat prima. Start gewoan mei wike 1. Oan de ein fan it skema is dan noch wol romte yn de trainingen om op ferantwurde wize oan de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber mei te dwaan.
(advertinsje)

Podcasts wike 4

  • Fit mei Femke: wike 4 - training 1
  • Fit mei Femke: wike 4 - training 2
  • Fit mei Femke: wike 4 - training3

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 4 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

Podcasts wike 4 mei muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 1 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 2 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 3 - mei muzyk'

Podcasts wike 4 sûnder muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 3 - sûnder muzyk'

De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

Hurdrincoach Jaring de Groot: "Tink om dyn technyk!"

Alle minsken binne berne mei in unike wize fan rinnen. As bern wie it sa mar klear om te rinnen. Eins is dat no mei it hurdrinnen ek wer sa. Rin op dyn eigen wize.

• Probearje wol dyn earmen yn in hoek fan 90 graden te lizzen en meitsje in los fûstkje. It moat net krampeftich wêze. Lit de earmen moai mei bewege mei de rest fan it lichem.

• Probearje op in foar dy sa natuerlike wize hurd te rinnen. Probearje dêrby wol dyn holle rjocht te hâlden, dyn skouders wat ôfhingje te litten (ûntspanne) en sjoch foarút en net nei de grûn. Dêrtroch bliuwt it lichem moai rjochtop.

• Meitsje foaral yn it begjin net de lange passen. Moaie lytse paskes. De measte hurdrinners komme earst op de hakke terjochte, dan komt it middenstik fan de skoech en dan einigje se mei de ôfset fan de grutte tean, dy’t as lêste de fêste grûn ferlit. Belangryk is datst dy bewust bist fan dyn hâlding en troch in leech tempo te hantearjen kinst der ek oer neitinke. As it hurdrinprogramma dan wat fierder is, ferrint it gehiel ek wol wer wat soepeler.

Jaring de Groot

Meitsje in hurdrin-selfie

Wy binne benijd wa't der meidogge oan Fit mei Femke en wêr't jimme rinne. Dêrom wolle wy hurdrin-selfies! Mail dyn foto nei foto@omropfryslan.nl of set em op Twitter mei #fitmeifemke. De foto's binne werom te sjen op ús foarum- en fotoside. Femke jout alfêst wat tips om de bêste hurdrin-selfie te meitsjen.

Fit mei Femke vlog 2

Is it mei it hite waar ek better om moarns te rinnen? Femke siket it út!

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    (advertinsje)