Wike 2

Trainingen wike 2

Training 1 3 x 3 minuten en 1 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Training 2 3 x 3 minuten en 2 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Training 3 4 x 3 minuten en 2 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Wy binne no yn wike 2. Wolst no noch begjinne mei 'Fit mei Femke', dan kin dat prima. Start gewoan mei wike 1. Oan de ein fan it skema is dan noch wol romte genôch yn de trainingen om op ferantwurde wize oan de Simmer yn Fryslân-loop mei te dwaan.
(advertinsje)

Podcasts wike 2

  • Fit mei Femke: wike 2 - training 1
  • Fit mei Femke: wike 2 - training 2
  • Fit mei Femke: wike 2 - training 3

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 2 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

Podcasts wike 2 mei muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 1 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 2 - mei muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 3 - mei muzyk'

Podcasts wike 2 sûnder muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 3 - sûnder muzyk'

De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean

"Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier"

Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje). By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten.

By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet. En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen. Ek dat is belangryk.

Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast dy der dus goed yn bewege kinne.

It bêste is om yn ferskate lagen ademjende klean te trainen. Dus lichte klean dy’t de waarmte goed fêsthâlde kinne, mar wêrby it swit wol fuortkomme kin. It doel fan de lagen is om ôfkuolling foar te kommen. It swit wurdt fanút de ferskate lagen ôffierd en dêrtroch wurdst minder gau kâld. Boppedat kinst by waarm waar in laachje útdwaan. En kinst better wat tefolle klean oan ha as te min. De hurdrinspesjaalsaak hat lyk as by de skuon in hiel soad keuze en meastentiids ek noch yn moderne kleuren.

Jaring de Groot

Fit mei Femke vlog 1

Benijd hoe't mei Femke har eigen training giet? Besjoch dan har vlog.

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    (advertinsje)