Wike 13

Trainingen wike 13

Training 1 20 minuten hurdrinne Wy binne oankaam by wike 13, de lêste fan ús training. Dizze wike mar ien training fan 20 minten hurdrinne. Tink al oan de loop fan snein en besykje dizze wike safolle mooglike enerzjy te sparjen.
(advertinsje)

Podcast wike 13

  • Fit mei Femke: wike 13 training 1

De podcast fan Fit mei Femke foar wike 13 steat no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

Podcast wike 13 mei muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 13 - training 1 - mei muzyk'

Podcast wike 13 sûnder muzyk:
Download hjir de podcast 'wike 13 - training 1 - sûnder muzyk'

De podcasts binne ek te finen op iTunes.

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    Foar de lêste kear: hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje

      De wike fan de wierheid. It is no eins wachtsjen op snein. Besykje de wike safolle mooglik te relativearjen en sjoch út nei snein datst ien fan de gelokkigen bist om mei te dwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Noch in oantal tips foar snein:

      • Betiid fan bêd en genietsje fan in goed moarnsbrochje.
      • Soargje derfoar datst genôch drinkst.
      • Sjoch nei it waar wat foar hurdrinklean datst oan ha moast. Lis dyn hurdrinklean en –skuon klear.
      • Nim noch wat te iten mei foar ûnderweis of krekt foar de start. Nim ek in bidon mei wetter of sportdrank mei.
      • As it mooglik is, kom dan op de fyts. Dat is maklik parkearje en sa hast ek automatysk al wat dien oan de warming-up.
      • Kom op tiid! Soargje datst om 13.30 oere op it terrein fan de Elektrisiteitssintrale yn Burgum bist (Koumarwei 2).
      • Dan kinst dyn startnûmer ophelje yn de ynskriuwtinte op it terrein. Dit startnûmer makkest mei spjelden (krigest der by!) fêst op de foarkant fan dyn shirt.
      • Kinst dy omklaaie yn spesjale klaairomtes op it terrein.
      • Nim dan de tiid foar de warming-up.
      • Nei de start fan de Simmer yn Fryslân-loop.
      • Besykje yn it startfak in goed plak te finen. De flugge rinners foaroan en de rest dêrachter.
      • Nei de start rinst automatysk oer de matte dy't dyn starttiid registrearret en rin dêrnei yn dyn eigen tempo. Genietsje foaral ek fan de moaie omjouwing.
      • Underweis binne der twa fersoargingsposten en nei de finish ien. Meitsje hjir gebrûk fan. Der is wetter en sportdrank.
      • Nei ôfrin krigest in oantinken oan de Simmer yn Fryslân-loop.
      • Kinst dy wer omklaaien. Der is ek gelegenheid om te dûsen.

      Sukses!

      Jaring de Groot

      De lêste Fit mei Femke vlog

      Yn de alderlêste vlog nimt Femke dy mei nei de clinic dy't op sneon 5 septimber by Omrop Fryslân holden waard.

      (advertinsje)