Wike 12

Trainingen wike 12

Training 1 35 minuten hurdrinne Training 2 1, 3, 5, 7, 5, 3, 1 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Training 3 3 x 10 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje
(advertinsje)

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    Podcast wike 12

    • Fit mei Femke: wike 12 - training 1
    • Fit mei Femke: wike 12 - training 2
    • Fit mei Femke: wike 12 - training 3

    De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 12 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
    Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
    Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
    Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Podcasts wike 12 mei muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 12 - training 1 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 12 - training 2 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 12 - training 3 - mei muzyk'

    Podcasts wike 12 sûnder muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 12 - training 1 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 12 - training 2 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 12 - training 3 - sûnder muzyk'

    De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

    Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

    Jaring de Groot: "Tips om troch te setten"

    • Fit mei Femke-fideo: tips om troch te setten

    De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat ‘kleine pijntjes’ om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed.

    Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan…? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje.

    Mar in soad minsken ha toch in ‘stok achter de doar’ nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy ‘stok’, mar ek it foardiel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik. Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid ta te gean. En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje. Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep oan te sluten.

    Jaring de Groot

    (advertinsje)