Wike 11

Trainingen wike 11

Training 1 30 minuten hurdrinne Training 2 2 x 15 minuten hurdrinne, tuskentroch 3 minuten kuierje Dizze wike mar twa trainingen fan ús kant. Ast wolst, kinst fansels altyd wat kuierje, fytse of swimme.
(advertinsje)

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    Podcast wike 11

    • Fit mei Femke: wike 11 - training 1
    • Fit mei Femke: wike 11 - training 2

    De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 11 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
    Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
    Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
    Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Podcasts wike 11 mei muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 11 - training 1 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 11 - training 2 - mei muzyk'

    Podcasts wike 11 sûnder muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 11 - training 1 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 11 - training 2 - sûnder muzyk'

    De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

    Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

    Coach Jaring de Groot oer de tarieding foar de Simmer yn Fryslân-loop

    Noch in pear wike en dan stiest oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Dyn earste offisjele hurdrinwedstriid. Best wol spannend, mar sjoch it foaral as in útdaging datst hjir oan mei dwaan meist. Hjirby in pear oandachtspunten dy’t wy dy no al mei jaan wolle.

    • Sjoch al ris efkes op de lokaasje dêr't it evenemint holden wurdt (Elektrisiteitssintrale Burgum, Koumarwei 2). Sa krigest in bytsje in idee wat it is. Kinst ek op de site www.burgumrun.nl sjen. Dêr stiet ek fan alles op by ‘foto/video’ fan de ôfrûne acht jier.

    • Sjoch ek ris op de site www.burgumrun.nl foar de rûte yn Google Maps. En sa mooglik kinst de rûte yn it foar ek al fytse!

    • Tink al fêst nei hoe de wedstriid oer 5 km ferrinne moat. Hast no hiel wat trainingen hân. Wurdt it in kwestje fan útrinne op in leech tempo. Ynstek is dan om it gewoan te heljen. Kinst ek foar in opbou kieze troch stadich te begjinnen en geandewei de 5 kilometer it tempo wat op te fieren. Rin wol dyn eigen tempo en lit dy net meislepe troch oare hurdrinners. Se kinne in hiel oar doel ha wat it wedstriidferrin oanbelanget.

    • Tink ek alfêst nei oer de hurdrinklean foar de wedstriid. It is no noch net dúdlik wat it waar wurde sil op 13 septimber, mar ien ding is wol wis; it wurdt net kâld. Lit dy foaral liede troch de klean dy'tst by de trainingen oan hân hast. En wolst noch wat nijs keapje, doch dat dan no, want dan kinst it noch oan ha mei de training. En kinst fiele as it goed sit.

    • Bring famyljeleden en kennissen op de hichte fan it feit datst meidochtst oan de Simmer yn Fryslân-loop. Se kinne dy dizze lêste wiken noch stypje en op de dei sels is it natuerlik moai dat se dy oer de finish kommen sjogge.

    • En… genietsje oer in pear wiken fan de Simmer yn Fryslân-loop. It makket net út op it hoefolste plak ast oer de finish komst. Elkenien is in winner. En de ûnderfining is meastentiids dat der nei dy noch hiel wat minsken oer de finish komme moatte.

    Jaring de Groot

    (advertinsje)