Wike 10

Trainingen wike 10

Training 1 4 x 8 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Training 2 27,5 minuten hurdrinne Training 3 8 x 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje
(advertinsje)

13 septimber: de Simmer yn Fryslân-loop

    Podcast wike 10

    • Fit mei Femke: wike 10 - training 1
    • Fit mei Femke: wike 10 - training 2
    • Fit mei Femke: wike 10 - training 3

    De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 10 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen. Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Dan kin fansels ek. Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder muzyk.
    Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.
    Foar Android: Hâld de link fan de podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)
    Foar iOS: de podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Podcasts wike 10 mei muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 10 - training 1 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 10 - training 2 - mei muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 10 - training 3 - mei muzyk'

    Podcasts wike 10 sûnder muzyk:
    Download hjir de podcast 'wike 10 - training 1 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 10 - training 2 - sûnder muzyk'
    Download hjir de podcast 'wike 10 - training 3 - sûnder muzyk'

    De podcasts binne ek te finen op iTunes.

    Doch mei oan de Fit mei Femke-clinic

    Kinst wol wat help brûke by dyn Fit mei Femke-training? Dan is dit dyn kâns! Us coach Jaring de Groot jout trije kear in clinic, op 16 july (Koudum), 11 augustus (Makkum) en 5 septimber (Ljouwert). Hy rint mei dy ien fan de trainingen hielendal troch, ynklusyf warming up en cooling down. Almeial duorret de clinic in oerke. Meidwaan is fergees en opjaan is net nedich. Elkenien is wolkom! Hjir alle ynformaasje op in rige: Tongersdei 16 july: Camping De Kuilart, De Kuilart 1, Koudum, 10:00 oere Tiisdei 11 augustus: Camping De Holle Poarte, De Holle Poarte 2, Makkum, 14:00 oere Sneon 5 septimber: Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2, Ljouwert, 14:00 oere

    Hurdrincoach Jaring de Groot: "Wêrom ast fan hurdrinnen lokkich wurdst."

    • Fit mei Femke-fideo: fan hurdrinnen wurdst lokkich!

    Hurdrinne makket gelokkich! Endorfine is in stof dy’t frijkomt by it hurdrinnen en dat jout in goed gefoel. Mar it kin ek psychiatrysk benadere wurde. De Amerikaanske psychiater Edward Hallowell hat skreaun datst fiif saken ûnderfine moast om gelokkich te wurden; ferbining, spul, oefening, masterskip en werkenning.

    • Sa gau ast begjinst mei hurdrinne bist ûnderdiel fan in groep (ferbining). Oare hurdrinners sille dy by de training groetsje en mooglik wurdst lid fan in ringroep.
    • Hurdrinne is in spul! Alles mei, neat moat. Do bepaalst wat der gebeurt yn tempo en de rjochting bygelyks.
    • En traine is neat mear as oefenje en fan oefenje wurde je wer better. It jout de minsk bertrouwen en rûtine.
    • Dan folget it masterskip. Ast it hurdrinne langere tiid dochst, dan fielst dy der goed yn wurden en bist der grutsk op.
    • Ast dan by de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber oer de finish komst, dan is der dy werkenning. Yn it foarste plak fan dysels, mar ek seker fan dyn famylje en kennissen. Dat makket dy echt gelokkich.

    Jaring de Groot

    (advertinsje)