De Simmer yn Fryslân-loop

13 septimber yn Burgum

Besjoch hjir de útslach fan de Simmer yn Fryslân-loop! It trainingsprogramma Fit mei Femke wurket ta nei de Simmer yn Fryslân-loop op snein 13 septimber yn Burgum. Dy loop is 5 kilometer en ûnderdiel fan de BurgumRun. Meidwaan kostet €11,-. Alle dielnimmers oan de Simmer yn Fryslân-loop krije in eksklusive Simmer yn Fryslân sportearmbân foar de mobile telefoan. Under de dielnimmers wurde ek noch twa hurdrin-outfits ferlotte (ien foar froulju en ien foar manlju). Dielnimme oan de Simmer yn Fryslân-loop is op eigen risiko. Fansels docht Omrop Fryslân de hiele dei ferslach fan it evenemint op radio, tv en ynternet. Wa wit komst Femke of oare bekende omropppers ek noch tsjin. De foarynskriuwing is sletten. Opjaan kin no noch op de dei sels tusken 12.00 en 13.50 oere. Dat is dan by de start/finish fan de BurgumRun op het terrein fan de Elektrisiteitssintrale oan de Koumarwei yn Burgum. De kosten om mei te dwaan binne dan 14 euro.

(advertinsje)