Sneekweek

Festivette ferslach

  • Festivette Afl 1 Sneekweek

FESTIVETTE
Yn in estafette fan festivals folgje wy festivalgongers op in festival wêr’t sy oars nea hinne soene. In Metalhead op de Sneekweek, in PsyFi-er op Into the grave. Kloppe harren foaroardielen of is it oare festival eins hartstikke fet?

SNEEKWEEK
Dizze wike folgje wy Metalhead Melle. Melle is gek op hurde gitaren en hâldt fan barbecueë. Hy hie foarhinne in eachje op Femke de Walle, mar dat soene we net fierder fertelle.

Melle sil op stap mei Paulus en syn burd. Paulus is in echte “Sneekweker” en hâldt fan pankoeken fan syn mem. Hy sil Melle de ins en outs leare fan de Sneekweek. Is it foar in Metalhead wol hurd genôch? Of wurdt it in dei om te gûlen? Do sjochst it yn ôflevering 1 fan Festivette.

(advertinsje)